Eksposysje Alfabet-projekt tidens Explore the North 2017

Fan 16 o/m 26 novimber is elkenien fan herte wolkom op de tentoanstelling fan it Alfabet-projekt fan de Moanne dêr’t keunstners harren eigen artistike draai jûn hawwe oan it alfabet.

Begjin 2014 hat de Moanne keunstners, foarmjouwers en skriuwers útnoege in plan yn te tsjinjen om foarm te jaan oan ien fan de letters fan it alfabet. Neist in protte nasjonale ynstjoerings waarden der ek plannen út Spanje, de Feriene Steaten, Dútslân, Hongarije, Ingelân, Sina, Portugal, Estlân en Itaalje yntsjinne. De letter Z waard it minst keazen. De letters I en Y wiene it populêrst. De keunstners dy’t troch in sjuery selektearre binne, hawwe harren yn 2014 oan it publyk presintearre op in spesjale pagina op ús website: Dossier Alfabet-projekt. Oan ’e hân fan ynterviews, fideo’s, sketsen en oare bydragen wie sa it ûntstean fan harren letter fan tichtby te folgjen. Art in the making.

Yn gearwurking mei Lân fan Taal en Explore the North is it Alfabet-projekt fan de Moanne fanôf 16 novimber alle dagen fan 11.00 – 16.00 oere te besjen yn it skip de Eestroom oan de kade fan Proefverlof yn de Blokhuispoort Bhp yn Ljouwert. De tagong is fergees.

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.