Earmoed

Achte hear De Rouwe,

It wie in hichtepunt yn myn sjoernalistike wurk. Fanôf de parsetribune siet ik te sjen nei de byienfergaderde gemeenteried dy’t it drok hie mei it bepraten fan de gemeentelike klachteline. Dy wie no in jier yn de loft – in 24-oers service foar boargers dy’t melding meitsje woenen fan dwerse stoeptegels of stank út it strjitrioel. De klachteline wie in grut súkses: der waard omraak belle. Safolle, dat de ried op dy bewuste fergadering unanym akkoart gie mei it foarstel fan de wethâlder om de ‘klachteline’ mar gau om te doopjen ta ‘serviceline’. Sa wie in serieus probleem – it reint klachten – fluch omset yn winst: de gemeente ferlient omraak service.

Ik moast deroan weromtinke doe’t ik de ferhalen lies oer jim nije kolleezjeprogramma. In ‘earmoedfûns’, dat paste net yn jim profyl en moast in ‘kânsenfûns’ neamd wurde. It is de opportunistyske retoryk dy’t it skaaimerk is fan politisi dêr’t ik it mier oan ha. Mantsjes en froutsjes dy’t roppe dat se ‘ûnferbetterlik optimistyk’ binne, ‘open minded’ en ‘noait tinke yn ûnmooglikheden’, of ‘altyd it bêste yn minsken sjogge’. En dan tinke dat se ynspirearjend en fisionêr binne foar it domme, negative, letargyske kloatsjesfolk dat wy binne.

 

Hoe tinke jim in regio foarút te helpen sûnder ien trendbrekkende of trendsettende gedachte?

 

Ik lês de punten út jim kolleezjeprogram en kin der neat ynspirearjend en fisionêrs oan ûntdekke. Sterker: alles wat idealistysk en ambisjeus wie ûnder jim foargongers wurdt fakkundich de nekke omdraaid. In universiteit? Moatte we noch marris nei sjen. Ofwol: tink it net. Kulturele Haadstêd? Prima, as it mar in draaimûne- en klompedûnsfeestje wurdt dêr’t we ek noch jild oan oerhâlde. Ofwol: tink it net. Oare ambysjes dy’t fan ús achterstânssitewaasje in foarútstribjende, fernijende regio meitsje kinne? Ja hear, we klappe der noch wat asfalt en beton by, en we besykje de boeren en it MKB wat oerein te hâlden. Ofwol: tink it net.

Wêr is toch it ideaal bleaun?! Wêrom wolle jim yn ien pûster it fjoer útblaze dat de ôfrûne jierren hjir stadichoan einlings wat begûn op te lôgjen? Hoe tinke jim in regio foarút te helpen sûnder ien trendbrekkende of trendsettende gedachte?

Oan jo leeftyd kin it net lizze. Sterker: dy oare jonge politikus dy’t fannewike sa yn it nijs wie, begrypt it wól. Dy doart de striid oan te gean mei marktkrêften dy’t alle macht yn hannen lykje te hawwen, dy doart planút te sizzen dat in oerheid it stjoer werom yn hannen nimme moat en séls rjochting jaan ynstee fan eksterne ûntwikkelings folgje.

Mar dat sille jo wol nayf geneuzel fine fan geitewollesokken dy’t de realiteit net begripe. Want jo leauwe net yn in oerheid dy’t fierder sjocht as de werklikheid fan hjoed en beurs. Teminsten, ik sjoch it net werom yn jim plannen. Sa komt dat nije provinsjebestjoer op my oer as ien grut earmoedfûns.

Allinnich opportunisten neame it ûntbrekken fan fizy in kâns.

Ik sneup noch eefkes op de website fan de gemeente dêr’t ik jierren lyn myn hichtepunt belibbe. Nerges mear in serviceline te bekennen. Ik tink dat dat it amtlik korps safolle service ferliene moast dat dat ten koste gie fan oare kânsen. Boargers mei klachten kinne no it kontaktformulier ynfolje, of op kantoaroeren belje mei de resepsje.

Kleare earmoed.

 


Bart Kingma

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.