Eangstkultuer

Publisearre op 15 november 2015

Achte skoalmasters en juffen,

Parys leit fier fan Meppel. Ach, wat stienen se wer skattich te sjongen en te swaaien, sneon. Oerenlang moasten se blaubekje yn de skrale wyn; mar as de skimmel, it burd en de gard foar it ljocht komme, is alles wer ferjitten en witte de bern dat se har wer wikenlang wâlterje meie yn in mearkelân fan tsjokke boeken en skoarstienpost.

It is en bliuwt in prachtige tradysje, dat Sinteklazefeest. Gjin bern dat der net wekker fan leit fan de opwining, gjin folwoeksene dy’t gjin waarme herinnerings hat oan de pakjes, de gedichten, de smink- en ferklaaipretsjes. De pipernuten oer de flier, de stêf dy’t in dûk slacht yn it sêftboarden plafond fan pake en beppe.

 

Binne al dy Pieten net neat oars as de Zwitserske Garde om de Paus hinne?

 

Tradysje, dat is ‘de gestolde ervaring der geslachten’. Dat sei Gerardus van der Leeuw. Miskien kenne jim him noch, hy wie de earste minister fan ûnderwiis nei de Twadde Wrâldoarloch. Foar de PvdA, mar hy kaam út in protestântsk milieu. Sterker, Van der Leeuw wie in foaroansteand teolooch en godstsjinsthistoarikus.

Godstsjinsthistoarje … ja, dan komme je gau by tradysjes út. De tradysje om de man boppe de frou te stellen, de tradysje om alles wat leuk en lekker is yn it libben te besmodzgjen mei it stimpel ‘sûnde’, de tradysje om de kristlike moraal heger te achtsjen as de heidenske.

‘Gestolde ervaring’. Dat jout wat massyfs oan, eat dat fêstichheid jout en betrouwen. In anker – dat wat wy dogge hat in ferbining mei foarige generaasjes, dat is ús kultuer, dat hat allegear in reden en betsjutting. Mar it seit ek likehurd wat oars: dat wat stjurre is, is ûnferweechlik. It is hurd wurden, net mear fleksibel, net mear te ploaien nei in bettere foarm, nei in nij ynsjoch. Foar ivich fêstlein, hat gjin sin om te feroarjen; bliuw mar moai mei de poaten fanôf, dus.

De dûmny en de leauwende minske binne beslein mei tradysjes. Dat is it bouwurk dêr’t er mei syn oertsjûging yn wennet. Sûnder dat bouwurk komt syn oertsjûging neaken yn de wyn te stean en soe dy samar omwaaie kinne. Dat er dat net wol is logysk, dus dy tradysje hat er keihurd nedich om oerein te bliuwen.

Oan tradysjes wurdt dus faak fêstholden út eangst. De eangst om de eigen oertsjûging, de eigen identiteit, de eigen kultuer te ferliezen. Nei freedtejûn binne ús tradysjes wer in stikje belangriker wurden. De tradysjegraad is de termometer fan de eangst. En in eangstkultuer is no net bepaald it noflikste klimaat om yn te ûntbolsterjen en te waaksen, om foarút te kommen.

Is it leauwen yn Sinteklaas útsoarte net krekt itselde? Is dat net optúgd mei allegear fifelegûchjes om mar in sterk bouwurk om dat ferhaal hinne te setten? Binne al dy Pieten net neat oars as de Zwitserske Garde om de Paus hinne?

Je kinne sizze: dat Sinteklazeferhaal is sa weardefol, dat moatte we oereinhâlde. Prima, mar as dat sa sterk is, soenen we ek net bang hoege te wêzen dat dat leauwen samar omwaait. Dan kin it wol wat lije mei dat bouwurk fan tradysjes dêromhinne. Sterker, dan kin it houtwurk miskien wolris in oar kleurke krije, dêr knapt it hûs fan op. En dat is goed foar elk, ek foar de bern.

Nee, we hoege alle maatskiplike diskusjes en problemen echt net op it buordsje fan skoallen te lizzen. Mar de Pietendiskusje … sorry hear, mar as der ién plak is dêr’t bern dizze tradysje mei-inoar belibje is dat toch echt by jim. Dêrom kin ik my wier net begripe dat mar ien op de sân skoallen syn Pieten oanpast en de rest syn fingers hjir net oan baarne wol. Jim wolle toch bern dy’t leare, dy’t bloeie en groeie, har ûntwikkelje, en letter as se grut binne it lân foarúthelpe? No dan!

We kinne it ek oars stelle: as jim jim eagen hjirfoar slute, drage jim by oan it yn stân hâlden fan in kultuer dy’t bang is om te ferliezen, dy’t eangst hat om him iepen te stellen foar nij ynsjoch en foarútgong. Dy’t by elke oanfal de needtastân útropt. In eangstkultuer.

Dat wolle jim dochs net op jim gewisse ha?

 

Bart Kingma

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Bêste Hadeskabir*, Nea net nei Lissabon west, mar yn de gedichten fan Jan Jacob Slauerhoff ha ik stadichoan aardich meters makke. Seit syn namme dy [...]

  • Kategory: Brief,Kollum

    Achte hear Samsom, Miskien is it de leeftyd. Jo en ik binne suver like âld en ik ha der ek wolris lêst fan. Dat ik der [...]

  • Kategory: Brief

    Bêste Daan, Dat wie in ynteressante diskusje fannewike, oer de pick up keunsten fan Julien Blanc. Yn seminars en op syn website www.pimpingmygame.com leart er [...]