Eagle

KAREN BIES – 

Moai om twa Fryske klups yn de earedivyzje te hawwen. Ik bin foar Hearrenfean én Cambuur, want ik wol hjir net
 myn libben op it spul sette, ek hooligans lêze de Moanne nammentlik. Ik sis gewoan, lykas alle froulju, dat ik altyd foar dyjinge bin dy’t achter stiet.

Fuotbaljen is leuk om nei te sjen mar net yn in stadion, want ik fyn supporters eng.

Fuotbaljen is leuk om nei te sjen mar net yn in stadion, want ik fyn supporters eng. Leaver hingje ik waarm op de bank foar de televyzje, de spilers close yn byld. Sûnt it WK ferline jier besjoch ik de mannen mei noch mear oandacht, fral fanwege de tatoeaazjes. By guon binne net allinnich de earms totaal bedutsen, mar strekke de tattoos har
 út oant boarst, hals en holle. Wat de tekenings krekt foarstelle is my noait dúdlik, it giet my ek net oan. As de spiler it séls mar wit. Mar dat is blykber ek net altyd sa. ‘You mean everyting in my life’, liet Jordy Clasie op syn earm sette, sûnder ‘h’. En Wesley Sneijder rint de rest fan syn libben mei in portret op ‘e búk dat mear wei hat fan Cher as fan Yolanthe. Alhoewol’t sy harsels hyltyd mear oanpast oan de tattoo, sa grut is de leafde foar har man.

Wêrom litst in tattoo sette? Om dysels in unike betsjutting te jaan tusken de rest fan it gewoane, keale folk. Tink ik. Mar wat bliuwt dêrfan oer, as dyn beskildere liif liket op al dy oare unike liven? Tatoeaazjes binne ommers sa algemien wurden. En in bytsje unyk, dat bestiet net.

Nee, dan eartiids. Doe wie in tattoo noch wat bysûnders, seit M. en hy strûpt de mouwe mar wer ris op. Dêr fljocht in blau-grien fûgeltsje. In ‘eagle’, want M. komt út Dimter. De heldhaftige earn hat in spanwiidte fan mar leafst trije sintimeter. Omdat er net grutter kóe foar fiifentwintich gûne, want mear jild hie M. net yn 1982. Letter wie er kear op 
in Rolling Stones-konsert en stie er njonken in figuer dy’t syn hiele liif fan ûnderen oant boppen tatoeëarje litten hie. De man beseach it fûgeltsje op M. syn earm, dat lyts mar krigel ûnder it mouleaze Stones-Tshirt wei fladdere. Hy seach begrutsjend nei M. en sei: ‘Deed pijn hè.’

Go Ahead Eagles spilet no ek alwer foar it twadde jier yn de earedivyzje. Sa no en dan winne se gelokkich. Dan knypt M. in pear kear yn syn boppe-earm en lit sa it fûgeltsje ‘fleane’, foar de bern. Underwilens sjongt er derby: ‘Wij gaan Europa in! Wij gaan Europa in!’
 Dêr laitsje wy dan hiel hurd om.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.