Op ’e bek

Publisearre op 20 januari 2014

Beste Sven,

Earlik sein wit ik net rjocht oft it te krijen hat mei de streek dêr’t ik opgroeid bin, mar it wurdsje ‘mûle’ haw ik yn myn jeugd net folle brûkt. Wy praten konsekwint fan ‘bek’. Dat dat grof klonk hienen we gjin aan fan. Doe’t de lerares Nederlâns my derop oanspruts begriep ik echt net wêr’t sy har sa drok om makke, nei’t ik myn letkommen op in sniedei ûntskuldige mei de útlis dat ik ûnderweis wol trije kear op ‘e bek klapt wie. Wylst ik doe grif al in jier as sechtjin wie, de tiid dat ik geregeldwei famkes op ‘e bek hie. En dy fûnen dat deagewoan, want dy praten sels ek noait oer tútsjen, mar lieten har mei niget op ‘e bek nimme.

Aldergelokst wurdt in minske wizer en past er syn taalgebrûk wat oan. ‘Op ‘e bek’ hat foar my no foaral noch in oerdrachtlike betsjutting, as immen slim ûnderút giet mei syn hâlden en dragen. It Nederlânske regear bygelyks giet nei myn smaak op ‘e bek troch aanst yn syn hiele hear en fear yn Sotsji om te paradearjen.

Mar dy diskusje wolsto ôfbliuwe, seist. Snap ik. Do hast oare soargen. Dyn superioriteit, dat liket my dyn grutste probleem ta. Dêr hâlde wy, it publyk, net fan. Sporters moatte net ûnfeilber wêze en yn in rjochte line nei boppe ta. De jierren dat Chris Wassenaar keatste wie neat oan omdat de man alles sa soeverein wûn, sa’t Douwe Visser dat no ek alwer sa lang docht op it wetter. En salang asto op redens stietst is dyn sport foar ús fansels noch stomferfelender as it besjen fan it SKS-wedstryd by mear as wynkrêft 3. Neat oan.

Dy iene misser, op de 10 kilometer yn Vancouver, dy wie moai. Dat makke dy minsklik. Mar it wie net genôch. Dochs noch mei in gouden en brûnzen plak thúskomme, dan kinst net echt sprekke fan in desepsje. Nee, ik tink oan Gerard van Velde, oan Dan Jansen. Keardels mei in ferhaal, mei drama. God, wat hold ik fan beiden doe’t se it goud yn hannen holden. Of Cornelis Terpstra, as dy fan’t simmer de PC wint. Of as it Huzumer skûtsje werris in syldei 0,9 punten pakt.

It is wreed, mar sa is it. Sport is drama en hoe mear drama hoe grutter de winner. Sûnder drama is topsport as it lêzen fan in bouquetreeksboekje. Dan klappe we aansen foar dy, juiche eefkes beleefd, fine datst Jorrit Bergsma kreas ferslein hast en dat it moai is dat it goud en sulver nei twa Friezen ta giet, en bringe it gesprek fluks op Het Nieuwsblad, Vlaanderen, Roubaix. Echte drama’s, echte sport. En ear’t maart healweis is binne we dy alwer ferjitten.

Hast no noch dik in moanne de tiid om op ‘e bek te gean. Keihurd. Dóch it! Brek in ankel of dyn relaasje of witikwat, lit dyn redens stelle, sjit yn in depresje, lit dy yn elkoar slaan troch in Russyske homo. Fersin wat. Eat dat de minsken trilje lit fan benauden: “O, dit komt noait klear mei dy jonge!” Do bist professioneel genôch om presys út te mikken wat lije kin. En dan keihurd taslaan yn de race, en winne. De minsken mei triennen yn de eagen achterlitte.

Dan hast in ferhaal. En dan meist prate. Dan soest in prachtich statement meitsje kinne. Lykas Joey Cheek nei syn winst yn Turijn 2008 sa yndrukwekkend oandacht frege foar Afrika. Sa soesto oandacht freegje kinne foar de minskerjochten of de homofobie yn Ruslân en al dy oare lannen. Of ús moaipratende regear te kakken sette.

Mar dat bist dus net fan plan, om de mûle iepen te lûken hjiroer. Ik stel foar: doch it dan sûnder wurden. Gewoan yn it stadion, by de huldiging op it ereskavot. Do stietst yn de midden, links fan dy stiet Jorrit. Foar it each fan de kamera’s en in miljoenenpubliek. Dan kinst it dwaan.

Keihurd Jorrit Bergsma op ’e bek nimme.

 

Bart Kingma

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]