Diktators

Achte hear Zijlstra,

Nee, yn jo politike profyl hat it Fysk-wêzen noait boppe-oan stien. Hoecht ek net, dat hat foar in man mei grutte ambysjes yn de lanlike polityk ek net safolle doel, fansels. Mar fannewike ha jo jo flink yn de kaarten sjen litten, op dat mêd, mei jo idee om wat mear gearwurking te sykjen mei diktators.

Want it is niks oars as typysk Frysk om josels frijwillich del te lizzen ûnder de knoet fan in persoan dy’t himsels ta ús hearsker útroppen hat. Dat wie al sa yn de tiid fan Willibrord, dy’t mei bibel en swurd it kristendom oer ús útstruide. Wat no, folk dat it sûnder in god oprêde kin. Eefkes drige en hopsa, dêr knibbelen we allegear al foar de here der heerscharen. En foar Georg fan Saksen, dy’t yn in sucht in ein meitsje koe oan de gaos dy’t we ein Midsieuwen oer ússels ôfroppen hienen.

 

Lit ús foar iens en altyd ôfweve mei dat domstoere praat oer eigensinnigens en frijheidsdrang. Leaver dea as slaaf? My ass!

 

Jaja, âlde skiednis, ik wit it. Mar is it no safolle oars? Alle dagen ride de buskes wer by boskjes oer de Ofslútdyk, om har brûksum oer te jaan oan it gesach fan de Rânstêdlike baas of opdrachtjouwer. En oarsom: as in bedriuw by ús der per ûngelok yn slagget om flink te groeien, witte we net hoe fluch ’t we in manager fan bûten de provinsje helje moatte om ús te fertellen hoe’t it fierder moat. De buskes komme twaris deis de Audi’s en BMW’s temjitte.

Yn de polityk net oars. Nerges is de status fan in CdK sa grut as by ús. Altyd immen dy’t fan bûten komt, fansels. En nerges kin in politikus sa maklik weikomme mei in kulferhaal as by ús, salang’t er mar trije kear seit hoe bysûnder hy de Friezen fynt. Ien kear sizze dat jo mei de sylboat wolris yn Snits west ha en jo kinne hjir al net mear stikken.

Keunst: itselde ferhaal. It koe net oars as KH is yntusken alwer stevich yn hannen fan grutte jonges dy’t hjir net woartele binne. En neam ris in bekende teaterregisseur yn Fryslân? Presys, komt hjir net wei.

Soms, hiel soms, slagget it om it sels te dwaan. Om mei in man út eigen fermidden grut te wurden. En sa’n persoan wurdt dan ek mar fuortdalik hillige en bewijrikke as de messias dy’t ús ferlosse kin. Ikoanen wurde it, mei in status dy’t – ienkear helle – mei gjin mooglikheid mear kwyt te reitsjen falt. Riemer en Foppe, Anker en Anker, of Anne Hettinga.

Yn de sport is it net oars. Diktators hawwe ús grutste sympaty. Sven, Rintje, Bart Helmholt. Mear as ien per soart hoege we net. Rients Gratama, Syb van der Ploeg, Reitse Spanninga, Steven de Jong, Hylke Speerstra, Henk de Jong, it partoer-vdBos – altyd hysje we presys ien op it skyld. Foar twa is gjin plak, hoecht om ús net. Te yngewikkeld, blykber.

Ach, elts folk krijt wat it fertsjinnet. Yn it lân fan de blinen … jo kenne it wol. Miskien is dit wol it bêste dat we hawwe, is de fiver gewoan net better folle. We bliuwe útsoarte ek mar gewoan in tinbefolke plattelânsgebiet. Miskien meie we dêr wol net mear fan ferwachtsje. Miskien moatte we yndied mar bliid wêze mei dy pear ien-eagen dy’t dizze streek regearje. Miskien ha we dy ynfluks fan bûtensteanders wol keihurd nedich om oerein te bliuwen en foarút te kommen.

Mar lit ús dan foar iens en altyd ôfweve mei dat domstoere praat oer eigensinnigens en frijheidsdrang. Dat is praat dêr’t we ússels al ieuwen mei oerein hâlde mar uteinlik ússels gewoan mei yn de hurdsturt bite. Leaver dea as slaaf? My ass! We binne it nuetste, maklikst lytsman te meitsjen folkje fan de Lege Lannen.

Kom mar op mei dy diktators, we ha se keihurd nedich!


Bart Kingma

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.