Bierpomp

Publisearre op 23 maart 2015

Achte hear Jorritsma,

Samar ynienen moast ik hjoed oan jo tinke. En dat wie frjemd, want ik hie de ôfrûne dagen hielendal net oan jo tocht. En dat wie ek wer frjemd, want it wie dochs echt de wike fan de provinsje.

Ja, wêr wienen jo eins?

Oké, jo sille grif fine dat in CdK yn ferkiezingstiid boppe de partijen stean moat, mar moat dat sa fier wêze dat nimmen jo noch sjen kin? Ja, jo binne beneamd ynstee fan keazen, mar ûntslacht dat jo fan elke plicht om yn sokke tiden wat bestekliks te sizzen?

 

Wêrom net mei trommel en trompet de barrikaden op en de media yn?

 

Wat docht in Kommissaris fan de Kening eins? De frede bewarje op provinsje- en gemeentehuzen. De provinsje ferkeapje bûten de eigen grinzen. Hannelsmissy’s, lobbywurk, ûndernimmersbyienkomsten. Dat slagget allegear aardich. Tenminsten, op soksoarte gelegenheden sjoch ik jo gesicht gauris ferskinen. Dêr lykje jo yn jo elemint te wêzen. Prate oer kânsen, potinsjes, útdagings fan en foar bedriuwen ensa. Bierpomp, sigaren, rôze boesgroentsjes en siden sjaaltsjes.

Yntusken seagen wy de ôfrûne fjouwer jier in DS-kolleezje dat ôfgryslik syn bêst die de rook fan ditsoart old boys bestjoer by him wei te hâlden. Deputearren sûnder krytstreekjespak, mar méi in dream, in doel; dy’t mei ynmoed en niget wurken oan ideeën, fernijing, ferbettering, balâns en alles wat nedich is om dizze provinsje écht foarút te krijen. Dy’t net wurch waarden te praten mei alles wat los en fêst siet, yn doarpssealtsjes en ministearjes.

En dy’t no de fruchten – swiet of wrang – plukke fan in belachlik kiesstelsel. Want Jan Lul hat gjin benul. Net fan wat se dogge, net fan wat se wolle. En dus stimme se mar tsjin Samsom, of foar Pechtold. En sa kinne de opinymakkers wer it foarsisbere sizze: ‘sjochst wol, de provinsje libbet net.’

Wêrom spatte jo yn dy patstelling eins net mei it skom op de mûle oerein? Wêrom net mei trommel en trompet de barrikaden op en de media yn? Om elk dy’t it wol of net witte wol ta te roppen wêr’t it provinsjebestjoer foar stiet? Wêrom net it reklameburo wêze foar jo kolleezje – it is toch ek jó kolleezje?

Wêrom net sizze: “Dit is Hans, dy die dit foar Thialf en dat foar wynmûnen. Sis mar wat jim dêr fan fine. En dit is Sietske, sy wol dit mei diken en dat mei wetter. Wolle jim dat ek? En hjir is Johannes, dy sjocht dit yn doarpen en tinkt dat fan natuer. Wat tinkt jim? En soarch, dat fine jim dochs ien fan de belangrykste tema’s yn de polityk? Wol, dit is hoe’t Tineke dêr oer tinkt en wat se dermei docht. Graach jim oardiel. En dan ha jim fêst wolris heard fan Jannewietske, sy hat in plan mei KH en past op ús sinten. Binne jim it mei har iens of net?”

Jo hienen it sa moai ûnder de oandacht bringe kinnen, allegear. Om te fertellen dat jo grutsk binne op wat der yn de provinsje gebeurt, om ús út te lizzen wêr’t wy oer stimme kind hienen. Sûnder dat it loaze ferkiezingspraatsjes wurden wienen. Jo hienen allegear initiativen lansearje kind om de minsken oan te moedigjen mei te tinken en mei te dwaan. Jo hienen de provinsjale demokrasy ferrike kinnen mei boargermeipraatgroepen, sjuery-eftige partisipaasjes, debatjûnen, politike talinteshows of wat ek mar.

Sa hienen jo ússels, mar ek de minsken fan bûten de provinsje sjen litte kinnen hoe belutsen, ferantwurdlik en aktyf we hjir mei de takomst fan ús eigen gebiet omgean wolle.

Dat ferkeapet folle better as mei in pear old boys oan de bierpomp.

Bart Kingma

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Bêste Hadeskabir*, Nea net nei Lissabon west, mar yn de gedichten fan Jan Jacob Slauerhoff ha ik stadichoan aardich meters makke. Seit syn namme dy [...]

  • Kategory: Brief,Kollum

    Achte hear Samsom, Miskien is it de leeftyd. Jo en ik binne suver like âld en ik ha der ek wolris lêst fan. Dat ik der [...]

  • Kategory: Brief

    Bêste Daan, Dat wie in ynteressante diskusje fannewike, oer de pick up keunsten fan Julien Blanc. Yn seminars en op syn website www.pimpingmygame.com leart er [...]