Fiksje

Publisearre op 16 november 2010

ERNST BRUINSMA –

It is net langer ús eigen fiksje, Fryslân is no wier de moaiste provinsje. Dy ‘deconfiture’ hawwe wy te tankjen oan de Vereniging Nederlands Cultuurlandschap (VNC), dy’t ûndersyk dien hat nei ‘landschap, cultuurhistorie, biodiversiteit, grondwater & bodemgesteldheid en natuur & bosbeheer’. Neffens VNC-direkteur Dirkmaat hawwe wy dy twiveleftige ear te tankjen oan it feit dat ‘Friezen, in een relatief dun bevolkte provincie, nog gevoel van trots en eigenwaarde hebben en zich daardoor hevig verzetten als hun streekeigenheid en historie bedreigd wordt’.
No wit ik net hoe’t it mei jim sit, sels kom ik yn alle gefallen de lêste tiid net safolle minsken tsjin dy’t – nettsjinsteande alle oproppen fan kommissaris Jorritsma – ‘grutsk’ binne. De identiteit fan Fryslân – der wurdt sels al praat oer it Fryske DNA – giet nammentlik hieltyd faker oer de marketing fan de fiksje Fryslân: klink dan en daverje, leafst fier yn it rûn, fan Riga oant New York. Dat tekent ús provinsje op ’t heden, mear as wat dan ek. Foarbylden? Ik doch in lytse greep: Fryslân Ferbynt, Fryslân House, Merk Fryslân & Marketing Fryslân. Soe it sa wêze kinne dat dy ‘marketeers’ in fyfde kolonne foarmje en de ‘streekeigenheid en historie’ it meast bedriigje?

As it om de takomst fan Fryslân giet, krije minsken yn elts gefal in wat soarchlike blik yn de eagen, men is yn ûnstjoer. Binne wy yn ferset? Tsjin wa dan? Wêryn binne wy eins oars as minsken út Brabân of Limburch? De ynspanningen fan de heechste bestjoerslaach yn ús provinsje meitsje it gefoel fan publike earmoede bepaald net lytser, earder grutter. De measten fan ús hawwe it privee better as oait, mar ús iepenbiere romte wurdt hieltyd leger. Dan haw ik it fansels oer bibleteken en swimbaden dy’t tichtsmiten wurde, muzyklessen dy´t ferdwine – lês de kollum fan Karen Bies – dan haw ik it oer fertutearze plantsoenen of oer fytspaden dy’t der fierstente te min binne en dan haw ik it ek oer it jild dat langer beskikber is foar de kulturele sektor. Der wurde besunigingen oplein om bygelyks kertiermakker Keizer, dy’t gjin klean oan hat, heger as Ikarus fytse te litten. En deputearre Jannewietske de Vries doart mei droege eagen te bewearen dat de driigjende koarting fan trije ton op de Nota Frysk skreaune media gjin besuniging is. Tsja, dan wie dat snoepreiske mei twa busladingen fol pommeranten en sân (7) amtners nei it Ruhrgebiet om ris te sjen hoe’t de Dútsers sa’n Kulturele Haadstêd no oppakke, fansels ek gjin snoepreiske? De ferbylding yn Fryslân wurdt stadichoan de nekke omdraaid troch snelle marketeers, wy hawwe de fantasij fan de bestjoerders der foar weromkrigen.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]