De Marboei – Elmar Kuiper
Publisearre op 9 juni 2014
Yn opdracht fan de Marrekrite lansearret de Moanne it projekt ‘De Marboei’. In poëtysk ankerplak op it Fryske wetter. Maarten Inghels, Elmar Kuiper, Ellen Deckwitz en Jaap Krol skreaunen op ’e mar in gedicht. It gedicht is mei GPS-lokaasje werom te finen fia de Marboei-webside dy’t bûn is oan in boei op de mar.
Yn dizze fideo fan Remco de Vries dichter Elmar Kuiper op de Swarte Brekken. “De Swarte Brekken, dat ropt in soad by my op. Ik bin wol in man fan taal. It wurd ’swart’ ropt wol wat by my op, lykas it wurd ’brekken’. As is der wat stikken gien. En dêr wol ik oer skriuwe.” Syn gedicht is werom te lêzen fia de mobile Marboei-webside en yn de Moanne nûmer 3.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]
Kategory: Literatuer,Resinsje
ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]