De wearde fan kultuer / In nij perspektyf 

Publisearre op 28 december 2022

EELCO VENEMA – 

It wie in dei nei de ôfkundiging fan de earste lockdown – in wurd wêrfan’t we noch wolris swittend wekker wurde – dat in freondinne tsjin my sei: no sille de minsken echt fiele wat de werklike wearde fan keunst en kultuer is. Ik fûn dat in optimistyske gedachte en in straaltsje sinneskyn dat troch de tongerwolk fan de pandemy besocht hinne te skinen. As sy gelyk hie, soe dat betsjutte dat de kultuersektor der wolris sterker útkomme kinne soe as hoe’t er deryn gong.

Dik twa en in heal jier letter moast ik ynienen wer oan har tinke. Hie se gelyk hân? Is der wat wêzentlik feroare? Hat de kultuer oan wearde wûn? In antwurd op sa’n abstrakte fraach is dreech om te jaan. Hokker perspektyf litst dêrop los? Is dy wearde wol mjitber?

Of’t ik überhaupt by steat bin om fanút myn eigen bubbel objektyf oer dy matearje te oardieljen, falt te besjen. Mar lit my dochs in besykjen weagje en úteinsette. Om te begjinnen liket it my goed ta om de sifers sprekke te litten. Hurde sifers wolle we ha, publyksoantallen, tallen foarstellingen en eksposysjes. Kom mar op!

Tsja, it mei gjin ferrassing wêze dat dy sifers foar 2020 en ’21 dramatysk wienen. Foar it rinnende jier binne der noch gjin offisjele data beskikber, mar as we de VSCD, de lanlike feriening fan skouboargen en konsertsealen leauwe meie, sjocht it der net goed út.

Pre-ensfh… 

Yn it begjin fan dit jier siet de kultuerwrâld fansels noch op slot, mar ek doe’t de hokkelingen fan de keunst wer frijút de greide yn huppelje mochten, bleau de kaartferkeap fier efter op it nivo fan de tiid fan pre-coronakrisis, pre-enerzjykrisis, pre-ynflaasje, pre-ensfh… 

Krisis of net, der wurdt per saldo mear jild yn de sektor pompt as foarhinne. Steatssiktaris fan kultuer Gunay Uslu hat oanjûn dat de kulturele sektor der struktureel jild by krijt om wer wat kleur op ’e wangen te krijen; we prate oer tsientallen ekstra miljoenen per jier. Gjin kattemiich.

Uslu brûkt moaie wurden, lykas: kultuer is fan wêzentlik belang foar de mienskip, want sûnder kultuer is it libben mar in skrale bedoeling en bliuwe we stilstean. Keunst biedt ûnmisbere nije perspektiven. De kommende jierren sille yn it teken stean fan herstel, groei en fernijing, ferfolget Uslu. Dat is in folslein oar lûd as wêrmei’t minister Halbe Zijlstra tolve jier lyn in hângranaat de sektor yn smiet. ‘Keunstners moasten leare harren eigen broek op te hâlden.’ Kultureel ûndernimmerskip wie it toverwurd.

Mar der is mear goed nijs. Op regionaal nivo sjochst dat de measte gemeenten harren budzjetten foar kultuer ferheegje. Sa makke de gemeente Ljouwert koartlyn bekend in ekstra miljoen te ynvestearjen. Dy ynvestearringen binne benammen bestimd foar wat de gemeente as de ‘basis’ beskôget. Skouboarch de Harmonie krijt bygelyks 130.000 en Dbieb 138.000 euro. Ek komt er mear jild foar poppoadia, festivals en muzykferienings. Teäterselskip Tryater krijt der ek nochris 50.000 by en der wurdt in dikke ton oan jild stutsen yn keunstedukaasje.

Wat opfalt is dat in soad fan dat jild ferdwynt yn tekoarten. It is algemien bekend dat ynstellingen bot te lijen hiene ûnder corona en de dêropfolgjende lege publykssifers. Sa hie skouboarch de Harmonie in tekoart fan hast sân ton op it boekjier 2021. Mei alle kompensaasjeregelingen kaam der lykwols sa’n lytse twa miljoen harren kant op, wêrtroch’t der in netto winst wie fan in goede 1,2 miljoen. Sy wiene net de iennigen, want bygelyks ek Tryater makke troch ferskate coronasteunpakketten winst yn datselde coronajier. Dêrby sjitte de wynbrauwen wol eefkes omheech, mar klear, de ynstellingen bleauwen oerein en sanearringen binnen de organisaasje yn it personielsbestân wiene net oan ’e oarder.  

Underwilens is der wol in grutte oaljefant de keamer ynslûpt. Faaks wol mear as ien. Want is de sektor mei de hjoeddeiske delgong fan publykssifers en de stiigjende bedriuwskosten (tink oan ynflaasje en hege enerzjykosten) wol libbensfetber? Kinst safolle wetter yn in amer jitte ast wolst, mar as der in gat yn de boaiem sit, dan is de oplossing net sasear mear wetter, mar earder in goed plan foar hoe’t dat gat tichtmakke wurde kin.

Boppedat moatte we ús ek net tefolle blyn stoarje op al dy gouden bergen fan jild. Sa’t we al fêststeld ha: in soad jild ferdwynt yn tekoarten en giet dus net nei nije produksjes of oare inisjativen. En wêr’t de gemeente Ljouwert der in ekstra miljoen tsjinoan smyt, hellet de provinsje it oan de oare kant der wer ôf. It besteande kolleezje hat al oanjûn te besunigjen op kultuer en it is noch mar de fraach wat der nei de steateferkiezings bart. Hoe duorsum en bestindich it belied fan de lanlike polityk is falt ek noch te besjen. Foar itselde ha wy oar jier in nije regearing mei wer folslein oare ambysjes en ideeën oer wat kultuer ynhâldt en de rol dy’t de oerheid dêr wol of net yn spylje moat.

Wêr’t de kultuersektor yn alle gefallen fan oerrint, is kreativiteit en fleksibiliteit. Mar dy eigenskippen hawwe tagelyk mei it selsbetrouwen en de eigenwearde wol in pear klappen hân, want de hurde werklikheid wie dat yn it hert fan de coronakrisis der foar harren inkeld plak wie op de alderleechste triem fan de prioriteiteljedder.

De konsekwinsjes dêrfan wurkje troch yn it no, sa as de ûnwissichheid oer it takomstperspektyf. Net om ’e nocht warskôget de Rie fan Kultuer (advysorgaan fan de oerheid) dan ek foar in útstream fan jong talint en in smeller oanbod. Ek makket de rie him soargen oer de finansjele posysje fan zzp’ers binnen de sektor.

Yn de coronatiid hiene fral sy it dreech, net de trochbetelle wurknimmers fan de kultuerynstellingen. Mar leafst 57% fan de keunst-zzp’ers moast it yn dy jierren dwaan mei in jierynkommen fan ûnder de 20.000 euro. Jild foar in arbeidsûngeskiktheidsfersekering of pensioenopbou wie en is der yn de measte gefallen net. De ûngelikense finansjele situaasje fan zzp’ers tsjinoer fêst (faak net artistyk) personiel hat de ferhâldingen op skerp set en it wy-sy tinken leit dan al gau op ’e loer; in gefaarlike ûntwikkeling.

De measte keunstners binne – oft se dat no woenen of net – kulturele ûndernimmers wurden dy’t mei alle macht besykje de eigen broek op te hâlden, krekt sa as Halbe Zijlstra dat fan se frege hat. Dochs binne se noch altyd ôfhinklik fan subsydzjestreamen. Om mei te iten fan dy pot mei jild kinne der oanfragen skreaun wurde, wêryn’t oanjûn wurde moat wêrom’t krekt do en dyn keunstprojekt oanspraak makket op in partsje fan dat jild. Dêr giet in soad tiid yn sitten, tiid dy’t net bestege wurde kin oan it skilderjen fan in stillibben of it skriuwen fan in nij ferske of filmskript.

It spultsje om de finkjes 

Kinst ek in fûnsewerver yn ’e earm nimme dy’t presys wit hoe’t je sa’n oanfraach skriuwe moatte; wat der sein wurde moat, of leaver sein, wat ynstânsjes graach hearre wolle. It is it spultsje om de ‘finkjes’. Dy finkjes (of punten) binne tiidsôfhinklik. No kinst bygelyks skoare op ynklusiviteit, meartaligens, ynternasjonalisearring, ynterdissiplinêr wurkjen, talintûntwikkeling of it noch altyd magyske wurd mienskip.

Njonken oerheidsloketten is der in grut ferskaat oan lytse en grutte fûnsen, elk mei syn eigen easken en winsken oer wêr’t de oanfreger oan foldwaan moat. Mar it systeem hat wol in Achilleshakke, in weeffout. As wy stelle dat it de taak is fan keunst om fernijend te wêzen, dat it nije perspektiven biede moat en dat it sels ûntregeljend wêze mei, hoe kinst dat dan rymje mei in systeem wêryn’t de keunstner as kultureel ûndernimmer foldwaan moat oan fêste regels en finkjes? En is it ek net sa dat it measte jild net perfoarst giet nei de kwalitatyf bêste keunst, mar fral nei dyjinge dy’t it bêste syn plannen presintearret en de measte finkjes byinoar skraabje kin? Soest sizze kinne dat moaipraterij beleanne wurdt en it artistyk resultaat eins fan sekundêr belang is. In protte jild giet überhaupt net nei útfierende keunstners, mar nei it hiele ekosysteem deromhinne. Grutte ynstellingen binne folle better taret op dat systeem as it yndividu. Dy ynstellingen hawwe de minsken, de ekspertize en de kontakten yn ’e hûs om jild út dy stream te generearjen. De jierferslaggen, beliedsplannen en bidbooks lêze sûnder útsûndering as ien grut súksesferhaal en ynstânsjes lykas de gemeente Ljouwert wolle graach mei harren doelstellingen oanheakje by dat súkses. Sa wurket polityk.  

Ek by grutskalige festivals lykas LF2018 en Arcadia binne it benammen de ‘grutte jonges’ dy’t oanspraak meitsje op it grutste part fan it jild en de artistike linen útsette. Fan boppen ôf komme de opdrachten en it jild dan wer by de útfierende keunstners telâne, want dy sitte oer it algemien net yn it personielsbestân fan dy grutte ynstellingen. Soest it in soarte fan ‘trickle-down economy’ neame kinne.

Ik fergelykje it faak mei in piramide fan sjampanjeglêzen. It gouden guod wurdt fan boppen ôf yn it heechste glês jitten en as dat oerstreamt komt it telâne yn de glêzen dêrûnder en sa fierder omleech. Mar dy flesse rekket úteinlik leech; der is net genôch foar elkenien, dus hoe fierder nei ûnderen, hoe leger de glêzen. Wêr stean dan de keunstners yn dy metafoar? Sy binne de basis, fansels! Hellest se der ûnderút en it hiele ding donderet yninoar. Soene der gjin keunstners mear wêze, dan is der ek gjin ferlet mear fan produsinten, marketeers, boekhâlders, technisy, fûnsewervers en al dy oaren dy’t harren brea yn dizze sektor fertsjinje.       

Wat no, as it allegear yninoar donderje soe? Hoe slim soe dat wêze? Alles eefkes op ’e harsens en dan wer op ’e nij opbouwe. Iksels ha noait echt in anargist of in revolúsjonêr west (útsein yn myn fantasy), mar ik leau wol dat der somtiden om wat nijs te kreëarjen wat âlds ôfbrutsen wurde moat. Dy útspraak haw ik net fan mysels. It wie Picasso, leau ’k, al sil dy it grif ek net sels betocht ha.

It is de natuerlike gong fan saken. Sels al giet it wol goed, dan noch kin it altyd better. Sa hawwe se yn Finlân, net sa lang lyn, it komplete ûnderwiisstelsel op ’e harsens goaid. Net omdat it sa min gong (se stienen op alle Europeeske ûnderwiislistjes op ien), mar omdat se tochten dat it noch better koe.

Lit ús net ferjitte dat der ek in soad wol doocht. Us subsydzjestelsel – weeffout of net – is noch altyd in unyk, tagonklik systeem dêr’t in protte keunstners yn oare lannen oergeunstich nei sjen soenen.

De politike wil om klam te lizzen op de wearde fan kultuer yn stee fan dy te befreegjen is der op dit stuit no ek en sawol keunstners as keunstynstellingen binne ree om mei passy dy nije perspektiven dêr’t om frege wurdt te bieden.

Mar neffens my is it hiel wichtich om inoar te befreegjen oer wêr’t de sektor tsjinoan rint en hoe’t dat ferbettere wurde kin. Dêrfoar binne sektorbreed petearen nedich tusken kultuerynstellingen, keunstners, polityk, ûnderwiis, media, spylplakken, ensfh. En dy petearen kinne allinne mar wurkje as elkenien it oandoart om út syn eigen opportunistyske bubbel te stappen en iepen en earlik dat petear oan te gean. Net allinne mar moaie wurden foar de bühne en de finkjes, mar heldere en konkrete plannen oer hoe’t it better kin en moat yn de takomst. Dêr heart ek by dat der romte makke wurdt en kânsen kreëarre foar in nije generaasje kultuermakkers.

Leafde foar de skjintme

In antwurd op de fraach oft keunst en kultuer mear wearde krigen hat, is wier net sa ienfâldich. Twa en in heal jier is dúdlik noch te koart. De tiid sil it leare. De sektor is yn beweging, skjirjend, kreakjend en piipjend. En dat is goed, want fêstrustkje soe folle slimmer wêze. Om dat foar te kommen, dêr drage wy mei ús allen ferantwurdlikheid foar. Wês kritysk. Net út grimmitichheid, mar út leafde foar de skjintme fan keunst en kultuer. Dat hat altyd wearde hân en sil dat nea ferlieze. Ik doar sels wol te sizzen dat kultuer it semint is fan de mienskip en dy syn siel fertsjintwurdiget. De ferskate foarmen, minsken, struktueren en systemen komme en gean, mar ûnmisber is it grif, want net ien wol in skrale bedoeling, toch?

 

Eelco Venema is teätermakker en dosint

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels