De skonken fan Foekje

Publisearre op 30 mei 2013

NYNKE VAN DER ZEE – 

Yn syn wurkpleats oan ‘e râne fan it doarpke Easterwierrum is byldhouwer Ids Willemsma sûnt inkele wiken dwaande mei in projekt dêr’t er jierrenlang op wachtsje moatten hat. In byld fan twa grutte skonken. Skonken dy’t 200 meter rinne yn 24.1 tellen. De ferbylding fan de skonken fan Foekje Dillema.

Lilk waard er; poerrazend sels, doe’t er nei it ferstjerren fan de atlete út Boerum yn 2007 it wiere ferhaal oer Foekje Dillema lies. Oer it grutte ûnrjocht dat har oandien wie, de falske en folsleine rabberij. As atleet koe Willemsma him as gjin oar yntinke hoe ferslein se har field hawwe moast. ‘Ik wie sels yn myn jeugd in knappe 1500 meter rinner en wit hoe’t sport jo libben yn ‘e macht ha kin. Dat sil by Foekje krekt sa west ha. En dat jo dan op dizze yn en yn mislike wize oan ‘e kant set wurde. Dêr binne gjin wurden foar.’

Toanbyld fan krêft
It ferhaal fan Foekje rekke him sa, dat Willemsma net lang nei har ferstjerren mei it idee kaam foar in monumint. Twa seis meter hege skonken út in stik izer. In toanbyld fan krêft; like geef as Foekje har eigen skonken wiene. Mar sa rap as it idee ûntstie, sa tergjend stadich gong it mei de útfier. ‘Alderearst ha ik it plan foarlein oan de boargemaster fan Kollumerlân, Bearn Bilker. Doe waard der  lang om let in oerlis belein mei de famylje fan Foekje, de gemeente en doarpsbelang. Allegear wiene se te sprekken oer myn plannen, mar it hekke doe’t it op it kosteplaatsje oankaam. Wylst ik oanbea it byld tsjin kostpriis te meitsjen.’

 “It rekôr en har namme; ik ferivigje se tegearre yn it izer sadat nimmen it Foekje ea wer ôfpakke kin”

Jierren hearde de byldhouwer neat mear fan ‘e gemeente. As wienen Foekje har beide skonken sa ûnder it tafelkleed fage. Mar by Willemsma sels bleau de Boerumse as in skym troch syn tinzen rinnen. By de iepening fan syn tentoanstelling yn de Friesland Bank, ferline jier novimber, liet er it skaalmodel (sjoch foto) sjen yn de hoop it monumint foar Foekje ea noch ris te meitsjen. Syn oprjochte ferhaal en útdruklike winsk makken ûnmiskenber gefoelens by syn tahearders los. Partikuliere ynisjatyfnimmers mar ek bedriuwen meldden har spontaan oan mei finansjele stipe. Sa krige it plan einliks echt hannen en ‘fuotten’.

 

Yn izer ferivige
Mar it ferhaal oer de skonken fan Foekje krijt in núvere rin, want mei de jildsjitters kaam ek in brief fan de gemeente Kollumerlân, dêr stie yn te lêzen dat Willemsma eins dochs net de oanwiisde persoan wie om it keunstwurk te meitsjen. Syn bining mei Foekje soe net dúdlik wêze en yn plak fan Willemsma gong de gemeente op syk nei in oare keunstners út de omjouwing. ‘It hier stie my rjochtop yn ‘e nekke. Mar ik set troch. Dit keunstwurk sil der hoe dan ek komme. As it net foar Boerum is, dan wol foar de minsken dy’t Foekje it monumint ta ha wolle dat se fertsjinnet.’

Yn it rútsje fan syn laskkappe flonkeret it wite ljocht wannear’t de snijbrâner syn paad troch it izer siket. Reek kringelet op en lit de keunstner stadich oan yn ‘e dize ferdwine. It byld soe klear wêze by de iepening fan syn tentoanstelling yn museum Belvédère op 14 juny, mar Willemsma doart net te sizzen of’t dat slagget. ‘Dit is in in oergriselik soad wurk. Yn it keunstwurk snij ik it rekôr op ‘e 200 meter dat har troch de Atletykuny destiids ûntnaam is, en net earder as nei har dea wer werom jûn waard. Dy 24.1 tellen en har namme; ik ferivigje se tegearre yn it izer sadat nimmen it har ea wer ôfpakke kin.’

 

Dizze simmer besteget museum Belvédère op It Hearrenfean oandacht oan it wurk fan Ids Willemsma nei oanlieding fan de omfangrike monografy, dy’t ôfrûne jier publisearre waard. It boek oer it wurk fan Willemsma mei teksten fan Pieter de Groot, Rudy Hodel en Doeke Sijens leit yn ‘e boekhannels.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels