De reisboeken fan Gerrit Jan Zwier

GERBEN DE VRIES – 

Alle jierren komt der in bulte reisboeken en reisgidsen út. Ik wit it net presys, mar neffens my is der noch noait wiidweidich ûndersyk dien nei de lêzers fan dizze boeken. By de reisgidsen hoecht dat ek net: dat binne meastentiids lêzer dy’t boeken sykje oer in bepaald lân of bepaalde stêd, bedoeld om te brûken as in samling praktyske tips. By reisboeken leit dat dochs wat oars. Ferneamde skriuwers as Cees Nooteboom, Carolijn Visser en Gerrit Jan Zwier reizgje ôf nei lannen dêr’t de measte minsken net of net faak komme. Hja lêze sokke reisferhalen benammen as ferdivedaasje. Op in lyts tal minsken nei net sasear om letter sels ek nei Iran, Nicaragua as Laplân ôf te setten. Oer it reisboekegenre hat Zwier trouwens yn 1995 al in boek skreaun: ‘Een lichte angst. Beschouwingen over reizen en reisboeken’. Yn dat boek hâldt er in pleit foar de ympressionistyske konfrontaasje fan de reisger mei in oare wrâld, in oare kultuer.

De antropolooch, (roman-)skriuwer en oersetter Gerrit Jan Zwier (Ljouwert, 1947) hat ek sels in soad reisboeken skreaun. Yn syn jonge jierren bereizge er benammen Noard-Europa, mar de lêste tiid liket er him – útsein in útstapke nei Patagoanië en omkriten – mear ta te lizzen op Nederlân. En ek binnen de grinzen fan dit lân bliuwt er sykjen nei it ‘noordelijke gevoel’, of wat dat dan ek krekt mar wêze mei. Yn alle gefallen fynt Zwier dat gefoel it meast op de Waadeilannen. Yn 2004 kaam er mei in ‘Nieuw Wandelboekje’, mei stikken dy’t foar in part earder ferskynd wiene yn de NRC. Fan in wrâldreizger is er in ynlânske struner wurden, op syk nei natuer mar seker ek kultuer. Yn neifolging fan Jac. P. Thijsse hat er oandacht krigen fan it kultuerlânskip dat yn Thijsse’s wurden ek altyd in histoarysk en literêr lânskip is.

Benammen as Zwier op ‘e tekst kin oer minsken as François HaverSchmidt, Jac. P. Thijsse, Jan Jacob Slauerhoff en Theun de Vries wurde de ferhalen nijsgjirrich. Dan binne reisboeken as dizze wis net oerflakkich en ympressionistysk.

Zwier hat de lêste jierren twa gelyksoartige reisboeken publisearre, dy’t der ek noch hast identyk útsjogge. Yn 2012 ferskynde ‘De wandelaar is een weeskind van de romantiek: op stap in Noord-Nederland’, in jier letter folge troch ‘Wandelen is stilstaan bij de dingen. Op stap in de noordelijke helft van Nederland’. It foarste boek is trouwens in nije edysje fan it ‘Nieuw Wandelboekje’, dêr’t no allinnich noch ferhalen út de fjouwer noardlike provinsjes yn steane. Yn it twadde boek komme dêr Flevolân en Noard-Hollân by. Hy skynt wolris mei syn dochter te kuierjen en dy sil dan ek wol op de foto’s fan de omslaggen stean, want de kachel moat ek baarne fansels.

Fryslân is goed fertsjintwurdige yn beide krektneamde boeken. Zwier ûnderfynt it gefoel fan romte en frijheid sa’t ‘nomaden en landlopers’ dy goed kenne. Yn sekere sin dan, want hy ret him yn eigen bibleteek en mei it ynternet wol goed ta. De skriuwer rint ek net sljochtwei wat yn ’t rûn, mar kiest hast altyd foar in besteande rûte. Sa strúnt er ûnder oare oer it Domelapaad, it Wâldenpad, it Piet Paaltjenspaad, de Aldfaers Erfrûte en it Suderseepaad. En in inkelde kear is it paad achterôf bekend. Sa docht nei in besite oan syn mem yn It Fean bliken dat er dy deis yn Gaasterlân deselde rûte rûn hat as desennia lyn, as jonkje, mei it Reaklif, Balk en de Riisterbosk.

De mearwearde fan de boeken is dat Zwier der in soad parate kennis yn kwyt kin. Hy is in kenner fan fûgels en paddestuollen, wêrby’t ik my ôffrege oft der foar paddo’s as de ‘valse hanekam’, ‘aangebrande gordijnzwam’ en ‘berijpte rouwridderzwam’ ek Fryske wurden binne. Benammen as Zwier op ‘e tekst kin oer minsken as François HaverSchmidt, Jac. P. Thijsse, Jan Jacob Slauerhoff en Theun de Vries wurde de ferhalen nijsgjirrich. Dan binne reisboeken as dizze wis net oerflakkich en ympressionistysk.

Sa komme wy yndirekt fan Zwier te witten dat de Friezen yn 150 jier sterk feroare binne. Zwier siteart nammentlik earst François HaverSchmidt (alias Piet Paaltjens) dy’t as dominy yn Foudgum om 1860 hinne op húsbesite west hat: ‘Daar zat ik dan op een mooien zomerschen dag, als de drukte van den hooitijd achter den rug was, van ’s namiddags twee uur ongeveer tot middernacht in een gezelschap, waarvan de meesten niets zeiden en de spraakzaamsten zoo eens om het kwartier een opmerking maakten die al een paar malen gemaakt was.’ (Wandelen is stilstaan bij de dingen, s. 28). Okee, tinke je dan, Paaltjens syn preekstoel stie dan ek yn ‘e fette klaai. Mar eefkes letter stiet it Zwier noch by dat er yn De Lytse Jouwer, dochs ek yn de gemeente Dongeradiel, ris in lêzing jûn hie oer it noardlik gefoel. ‘Er was volop discussie en er werd geregeld vrolijk gelachen. Friezen zijn praters, dat bleek maar weer eens.’ (s. 30)

Yn reisboeken leare je frjemde kultueren kennen, dat blykt mar wer. Dat is tink ik ek de wichtichste reden wêrom’t minsken sokke boeken lêze. Ik haw lykwols nei it lêzen fan dizze twa boeken fan Zwier gjin inkelde oanstriid om nei De Lytse Jouwer of it ‘ûnbekinde’ Boijl te gean, mar haw wol in noflike jûn belibbe. En dat is ek wat.

 

Gerrit Jan Zwier, Wandelen is stilstaan bij de dingen, Friese Pers, Ljouwert. 160 siden, € 16,00.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.