De ontelbaren

MINDERT WIJNSTRA – 

Der liket dizze simmer gjin ein te kommen oan de streamen flechtlingen, asyl- en geloksikers dy’t oanspiele op de kusten fan Grikelân en Itaalje. De bylden steane ús allegearre op it netflues. Bylden fan tramtearre minsken, beroaid en útrûpele. Wanhopigen, dy’t alles achterlitten ha yn de falske hoop om yn Europa in feilich ûnderkommen te finen, of help yn watfoar foarm dan ek.

It tal asysikers is hast net mear te tellen. It wurde letterlik ‘de ontelbaren’ út de roman fan de Flaamske skriuwer Elvis Peeters. Ik lies dit boek, dat al yn 2005 ferskynd is, fan ’t simmer nei’t Tommy Wieringa der yn syn kollum yn de Ljouwerter Krante gewach fan makke. In ferbjusterjend boek dat tsien jier nei it ferskinen allinnich mar oan aktualiteit wint.

 

Net in boek om fleurich fan te wurden, mar in needsaaklik boek. It grypt dy by de strôt.

 

It boek hat nominearre west foar de Libris Literatuerpriis, wêrby ’t de sjuery it doedestiids de kwalifikaasje meijoech fan in apokalytysk ûndergongsferhaal. Sa haw ik it ek belibbe. It is in fassinearjend en in benearjend relaas fan in flechteling op wei nei ús kontreien en fan de mienskip wêryn’t hy terjochte komt. En hy net allinnich …

It boek bestiet ut trije parten. Yn it earste stik folgje wy de ‘frjemdeling’ op syn tocht, amper te sizzen wêrhinne. De miserabele omstannichheden oan board fan in skip fol flechelingen binne skokkend om te lezen, mar mei de bylden dy’t ik der hjoed de dei by levere krij op de treurbuis realisearje my ik al gau dat it gjin fiksje is, mar de groulike realiteit.

It twadde part giet oer de mienskip yn in foech doarp dat mear en mear oerwâlde wurdt troch frjemdelingen. De nammen fan de doarpsbewenners dogge tinken oan in doarp yn België, mar foar itselde soe it him ôfspylje kinne yn Koudum of Surhústerfean, om mar wat te neamen. It komt jin hoe dan ek ticht op ’e hûd. Hoefolle kin in mienskip oan as alles ûnder druk komt te stean? Hoefolle wolle wy ynleverje om oaren ûnderdak te bieden? It lege hinnehok, in útfanhûzerskeammerke, de skoalle yn de simmerfakânsje? Mar dan, as de fakânsje foarby is … Wat docht de boargemaster, de provinsje, de oerheid? De bestjoerders binne al gau like wanhopich as de boargemaster fan it Grykse eilân Kos dy’t der fan ’t simmer raar mei oan wie en de flechtelingen mar opslute liet yn in fuotbalstadion. Nochris, de ferskuorrende bylden dizze simmer út Súd Europa waarden foar my de realistyske yllustraasjes by dit boek.

Yn it tredde part folgje wy wer de flechteling út it earste haadstik. Hy is dan ien fan de ontelbaren wurden, dy’t mei de hiele mienskip nei gichem giet. Net in boek om fleurich fan te wurden, mar in needsaaklik boek. It grypt dy by de strôt.

 

Elvis Peeters, De ontelbaren. Uitgeverij Podium, Amsterdam 2005.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.