de Moanne live – woansdei 4 april

De earste Moanne live fan dit jier wurdt holden op woansdei 4 april, 20.00 oere yn Tresoar. Ditkear is de Flaamske skriuwer Erik Vlaminck te gast. Hy sil foarlêze út eigen wurk en ynterviewd wurde troch Ernst Bruinsma. Besikers ferwûnderje har gauris oer de orizjinele bydragen oan de Moanne live. Kom ek ris del! De tagong is fergees.

de Moanne – Live is in jûn mei alle kearen in ferrassend ferskaat oan nijsgjirrige sprekkers. De Moanne – Live is bedoeld om op papier, mar ek op tal fan oare wizen in poadium te jaan oan elk wa’t goed skriuwe kin en skerp tinke.

– 4 april 2012
– 15 maaie 2012
– 9 oktober 2012
– 11 desimber 2012

Oanfang alle kearen om 20.00 oere. Tagong fergees. Wy sjogge út nei jim komst!

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.