• 11 december 2017

    ELSKE SCHOTANUS -  Under de namme Tinkrom organisearret Tryater gauris ekstra aktiviteiten by foarstellingen en by Wat jo wolle wie dat, tongersdeitejûn 7 desimber, in dichtjûn mei Grytsje Schaaf en Anne Feddema. It selskip wurke dêrfoar gear mei de Moanne dat ûnder de namme de Moanne Live ek geregeld temajûnen op priemmen set. Wie it tema fan de foarstelling de fraach yn hoefier akteurs bringe [...]

  • 7 november 2017

    Yn in tiid dat alle mieningen telle en se hieltyd hurder tsjin mekoar opbotse, komt Tryater mei in passend antwurd: De ideale teaterjûn! De akteurs besykje út te finen wat it publyk no eins echt sjen wol. Harren grutste prestaasje is jimme ferdivedaasje. As út in toverdoaze wurde de sênes delsetten. De fraach bliuwt: slagget it om elkenien te jaan wat er wol? Nei oanlieding [...]

  • 11 november 2016

    No moandei 14 novimber wer in hiele bysûndere Aan tafel! Diskear 'de Moanne Live' mei Tryater yn Lewinski yn Snits. Tryater spilet op 23 en 24 novimber yn de Noorderkerkzaal fan Theater Sneek de foarstelling 'De Wierheid fan Wylgeragea'. It stik giet oer hoe dreech it is om de nuânse te bewarjen yn tiden fan tanimmend ûnbehagen en ûnwissigens. Tidens Aan tafel! snije wy dit tema, dat ek [...]

  • 8 mei 2014

    Folle bak justerjûn op de twadde Moanne Live fan 2014 yn gearwurking mei de Fryske ôfdieling fan de Orde van den Prince mei as boeiende gast prof. dr. Hans Renner dy't in lêzing joech oer de fraach 'Waarom Nederlanders niet van geschiedenis houden'. In tige slagge jûn! Sjoch hjir foar in fotoferslach fan de jûn. Heel graach oant de kommende Moanne Live op tiisdei 30 septimber!      

  • 6 mei 2014

    De twadde Moanne Live fan dit jier wurdt holden op woansdei 7 maaie yn gearwurking mei de Fryske ôfdieling fan de Orde van den Prince. Dit kear is te gast prof. dr. Hans Renner. Renner sil op de Moanne Live yngean op de fraach: 'Waarom Nederlanders niet van geschiedenis houden'. de Moanne wol op papier, mar ek op tal fan oare wizen in poadium jaan oan elk wa't [...]

  • 8 mei 2012

    De twadde Moanne live fan dit jier wurdt holden op tiisdei 15 maaie. En ditkear is skriuwer Kester Freriks te gast. Kester Freriks, skriuwer en sjoernalist, publisearre yn 2010 it boek ‘Verborgen wildernis’. Yn dat boek siket hy nei lânskippen dy’t de sensaasje fan wyldernis jouwe. Hy kombinearret dêrby tekst mei âlde kaarten dêr’t op te sjen is hoe’t ús lân der sa’n twa ieuwen lyn [...]

  • 24 februari 2012

    De earste Moanne live fan dit jier wurdt holden op woansdei 4 april, 20.00 oere yn Tresoar. Ditkear is de Flaamske skriuwer Erik Vlaminck te gast. Hy sil foarlêze út eigen wurk en ynterviewd wurde troch Ernst Bruinsma. Besikers ferwûnderje har gauris oer de orizjinele bydragen oan de Moanne live. Kom ek ris del! De tagong is fergees. de Moanne – Live is in jûn [...]

  • 14 december 2011

    Ek takomt jier binne jo wer fan herte wolkom yn de Gysbert Japicx-seal fan Tresoar op ien fan ûndersteande datums foar de Moanne - Live. In jûn mei alle kearen in ferrassend ferskaat oan nijsgjirrige sprekkers. De Moanne – Live is bedoeld om op papier, mar ek op tal fan oare wizen in poadium te jaan oan elk wa’t goed skriuwe kin en skerp tinke. [...]

  • 2 december 2011

    Tiisdei 13 desimber 2011, oanfang 20.00 oere yn de Gysbert Japicx-seal, Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert. Tagong fergees. De redaksje fan de Moanne en de Stichting de Moanne noegje jo fan herten út foar in foardrach fan de folgjende sprekkers: Jelle Krol Saskia Bak Greet Andringa Bart Kingma Sannemaj Betten De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Ernst Bruinsma. De Moanne – Live [...]