De Marboei – Elske Kampen
Publisearre op 22 juli 2015
Yn dizze fideo fan Remco de Vries dichteres Elske Kampen op de Sitebuorster Ie by Grou. ‘Myn earste gefoel, doe’t wy mei de boat ôfsetten, wie it beweechlike. Je fiele yn je liif dat dingen los reitsje en dat betinke je net yn it foar.’ Har gedicht is werom te lêzen fia de mobile Marboei-webside en yn de Moanne nûmer 2.
Yn opdracht fan de Marrekrite lansearre de Moanne ferline jier it projekt ‘De Marboei’. In marboei is in poëtysk ankerplak op it Fryske wetter. Earder skreaunen Maarten Inghels, Elmar Kuiper, Ellen Deckwitz en Jaap Krol al in gedicht op ’e Fryske marren. Dy gedichten binne mei GPS-lokaasje werom te finen fia de Marboei-webside dy’t bûn is oan in boei op ‘e mar. Oant en mei 2018 sille alle jierren fjouwer dichters de mar op om in gedicht by harren marboei te skriuwen. Sjoch hjir foar alle bydragen.
Mei tank oan Technische Watersportservice De Schiffart yn Grou.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Poëzij
HANS PETER WESTIN - I Zelfportret met kroonpen Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
MARITA DE JONG - ‘Under de tsjinjende laach sitte in protte oare dingen’ In tsjinjend fak. Sa omskriuwt komponist en musikus Cees Bijlstra (56) [...]