Cybersex
Publisearre op 9 mei 2012
ferfolch Ultra-koart ferhaal ‘Op safary’ yn de Moanne nûmer 4 – 2012
—
Dêr leit se dus, op it web, Tracy Jensen, harren learares, tagelyk remedial teacher! En net te leauwen: fan ûnderen oant boppen neaken en bleat, sawol knipt as skeard.
Mar – hee, sjedêr – se hoecht har net te ferfelen, se leit net foar joker dêr yn ’e midden, want sjoch: in lang persoan wurdt troch de kamera oppikt. As in fuotballer dy’t nei in bal yn it krús wer ’t fjild yn mei, skoot er fan de sydkant it byld yn. Alle fokus no op him. Wannear’t er deun by har is hellet er de hannen foar ’t saakje wei.
‘Dy hat pas in peal!’, ropt de jonge tsjin syn freon dy’t even fan it toilet gebrûk makke hat.
Dan fertoant de fideo bylden fan hoe’t se oan it frijen slaan. Hoe’t hy syn hit as in hûn bespringt. De jonges witte net goed oft se dit hiele tafriel, al dy mei sin skokkerige opnamen, oft sy dy wol fierder besjen wolle, doare. Of meie.
As de opnij klearlizzende dosint ek noch in swypke yn hannen krijt, draait de iene de holle al ôf.
Mar krekt op dit stuit raast de oare:
‘Kristus, sjoch dan: dat is…, toe, dat is dy wat âldere slongel, hy mocht healwei kaderberops 2 samar nei mavo+!’
Bouke van der Hem
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Kollum
BOUKE VAN DER HEM - In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]
Kategory: Kollum
BOUKE VAN DER HEM Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]
Kategory: Kollum
MINDERT WIJNSTRA - Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]