Bysette

Publisearre op 28 mei 2014

Achte hear Wieling,

In groepke kollega’s hie him om de televyzje hinne sammele en stie yn folle konsintraasje te sjen, justermiddei in oere as fiif. Ik rûn der op ta. Sjoernalisten, dus der soe wol wat wichtichs oan de hân wêze.

Dat wie ek sa. Quintana plege in coup. Uran waard út it rôze riden. Mar boppe-al: Wilco Kelderman ried in geweldige koers. En dat yn de keninginnerit, dy’t oer de romrofte Stelvio en Gavia fierde. It wie in machtige Giro-etappe.

Bûten reinde it lij wetter. Sa’t it aansen alle winters dwaan sil. Da’s moai, want dat skeelt ús flink yn de stookkosten. En we wurde einlings ferlost fan Dat Ding. We hoege der net mear oer te praten, net mear oer nei te tinken. Hy komt net mear.

Lit ús de alvestêdetocht ek mar gau bysette yn de grêfkelder fan deade tradysjes. Wy moatte fierder. Nije paden sykje, nije enerzjy, nije wearden. In nij tiidrek yn, de blik iepen en foarút.

I recall: Hy. Komt. Net. Mear. Noait mear.

Dat skept dúdlikens. Hearlik. Gjin ge-E-eamel mear. Kinne we ús yn de winter tenminste wer mei better saken dwaande hâlde. Gewoan oan it wurk, moaie dingen meitsje. En as it in graadsje friest bine we de redens ûnder en prate we op de iisbaan in noflik pypfol oer alles wat wichtich is yn it libben. Op syn aldermoaist belibje we nochris in Princenhoftocht of Deelentocht – en dat wie it dan. Wat in rêst jout dat.

Want lit ús earlik wêze: dy hiele alvestêdetocht, dat is toch in soarte fan PVV. In hiel soad wurden, mar úteinlik in ferrekt lyts bytsje resultaat. It lult oer identiteit, kultuer, blaast himsels flink op; mar de ballon rint likehurd wer leech, en as it der op oankomt giet it altyd wer oer en bliuwt it folk mei lege hannen achter.

Ja, we hâlde de myte libben mei allegear slappe ôftreksels. Fannewike kuierje se wer blier en kwier troch de greiden, sneon hingje de swarte dampen fan de A-Fords en Traction Avants wer by ús yn it doarp, dêrnei komme noch de prosessy’s fan fytsers, trekkers, roeiboaten, steande surfplankpeddelders, hynder-achter-de-weinriders, breiden-kite-skaters en achterút-klomprinne-foar-ienskonkigen. In treurige optocht fan ferfeelde sielen op ‘e doele, dy’t neat oars betinke kinne as in 200-hero for one day te wurden. Dat wy op sa’n terapeutysk selfhelp-rûntsje foar omkoalen en kluchtmakkers sa grutsk wêze kinne seit in soad oer ús.

Wilco Kelderman haw ik noch noait oer de alvestêden heard. Pieter Weening, Tom Jelte Slagter, Bauke Mollema en Lieuwe Westra ek net – toch de grutste mannen út de sport, allegear mei Fryske nêsthierren. Sy hoege dy plattelânspolonêze net oan har sportliif. En gelyk ha se.

En neffens my hoege wy it ek net mear. Fuort mei dy folkore. It is gjin tafal dat foar al ús Fryske sporten al in museum bestiet: it keatsmuseum, it reedridersmuseum, it skûtsjemuseum. Lit ús de alvestêdetocht ek mar gau bysette yn de grêfkelder fan deade tradysjes. Wy moatte fierder. Nije paden sykje, nije enerzjy, nije wearden. In nij tiidrek yn, de blik iepen en foarút. Mei bewustwêzen fan de skiednis, jawis. Der wie ris. Mar no is no. We wolle noch lang en gelokkich fierder libje.

Grutte Pier wie ek in moai ferhaal, en Oera Linda. Sille we sa ek mar mei de alvestêden ôfweve? De ferhalen binne allang sammele, de bylden klear en ivich. It wurk is dien, de myte stiet as in hûs. Kin net moaier. Neat mear oan dwaan. Mei in prachtige seremoanje nimme we ôfskie fan de libbene tocht en selebrearje we him as de goadinne fan de foarbije wintertiden. Dan ha we dat achter de rêch. En kinne we fierder.

Hjoed gjin spannende etappe. Mar tongersdei kin Wilco Kelderman him wer bewize. Spannend!

 

Bart Kingma

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]