fotografy: Anton Kappers

Populistisch Volks-Vermaak

Achte hear Van der Galiën,

Dat ha jo moai flikt. Yn de wike dat provinsjale polityk fermealle waard tusken de gemeenteriedsferkiezings en Haagse politisy dy’t hjir net wei te slaan wienen, slagge it jo om de spotlights te krijen op de steatefraksje fan de PVV. Nammerste knapper omdat de PVV gjin rol spilet yn dy ferkiezings. It is oan jo en jo allinnich te tankjen dat jo partij dizze wike dochs moai de blits makke  yn de media.

Ik krige boppedat de yndruk dat jo it echt mienden: ’De âlvestêdetocht moat op 1 febrewaris 2018 op keunstiis riden wurde‘. Dat wie jo suggestje yn de Provinsjale Steaten. It soe in moai projekt wêze foar Kulturele Haadstêd. Dus fertsjinnet jo idee it om goed tsjin it ljocht holden te wurden, sadat it net samar weiwurdt yn de krante fan juster.

Earst eefkes sjen nei wat krekt jo taak is yn de provinsje. Foar de wissichheid haw ik it opsocht. Op de webside fan de provinsje stiet dat in steatelid trije dingen dwaan moat. 1 : Kaders stelle foar it bestjoeren fan de provinsje. 2: Kontrolearje fan DS. 3: De minsken fertsjintwurdigje. Ik ha socht om in fjirde taak: it oplitten fan populistyske proefballontsjes om it folk te fermeitsjen, mar ik koe it net fine.

It is dus jo wurk hielendal net om mei ditsoarte fan foarstellen te kommen. Logysk, nije ideeën kinne folle better betocht wurde troch kreativelingen of ûndernimmers, dy binne dêr goed yn. Pas as sa’n idee freget om oanpassing fan de kaders, dan meie jo der wat fan sizze. Oant dy tiid moatte jo stil wêze. Sa wurket ús bestjoerlike model. It is net oars.

En dat jildt al hielendál as it om KH giet. Want útsein in stoere deputearre is it foaral ‘nettsjinsteande’ de polityk dat Ljouwert de striid wûn hat en bepaald net ‘mei tank oan’. Dat withoefolle politisy it súkses fan KH no omearmje of sels claime, is ûnbeskamsum opportunisme. En dat der sels minsken binne lykas jo dy’t noch in stap fierder gean en no ynienen de kreative tinkers yn it paad sitten gean troch sels yn it wylde wei mei ideeën oan te kommen, dat is werklik de brutaliteit ten top.

Hawar, miskien moat ik my hjir net sa oer opwine en jo plan gewoan ynhâldlik besjen. Soe it technysk mooglik wêze? Fêst wol, hoewol’t ik net witte soe hoe’t jo keunstiis oer of ûnder brêgen troch lizze moatte. Finansjeel? Hahaa, fiif kilometer yn de Noardeastpolder wie al net iens rendabel te krijen! Tsientallen miljoenen sil dit kostje, as it no om in ienmalich evenemint of in strukturele ynvestearing giet. Mienskipsjild, witte jo wol, dêr’t jo altyd sa sunich by sjogge as it om ‘linkse hobby’s’ giet.

Kin allegear noch, as it dan mar in prachtich barren wurdt. In Alvestêdetocht, wat wie dêr ek alwer krekt de mytyske krêft fan? De ûnfoarsisberens, fansels! Dat jo nea witte oft er komt, oant in pear dagen yn ’t foar. It kin sá gebeure, it kin ek noch tweintich jier duorje. En dan, as it safier is: de kjeld, de snie, de wyn, de skuorren yn it iis, it klunen. En dat woenen jo op keunstiis dwaan, op in fantefoaren fêststelde datum? Sorry, mar ik skyt hast yn de broek fan ergernis oer hoe’t je sa’n magysk evenemint fan al syn unike eigenskippen ûntdwaan kinne en foar de bargen smite.

No ja, ik sil my fierder ynhâlde. De PVV is ommers de partij fan it Populistisch VolksVermaak. Ien fan jo foarmannen raasde koartlyn ek al om it hurdst dat it regear Swarte Piet beskermje moast. Hé! Dat is nuver: jo partij lit him der hieltyd op foarstean op te kommen foar ús kultuer. Eltse feroaring is in bedriging. Bûtenlanners, Europa, oanpassings yn soarch of ûnderwiis? Njet! Hannen ôf fan ús lân. Hannen ôf fan Swarte Piet. Hannen ôf fan ús tradysjes!

En dan wol de goadinne fan de Fryske kultuer ferkrêftsje wolle?! Dat flokt dochs folslein mei jim prinsipes? En dat dogge jo?! Allinnich mar fanwege in waanidee fan miljoenen lyryske minsken lâns it parkoers, dy’t de namme fan de PVV en fan jo skandearje sille as…

Ach, wat sit ik no te fulminearjen. It is ommers sa dúdlik as wat: dit hat neat mei jo taak as steatelid te krijen, dit hat neat mei prinsipes of idealen te krijen. Dit is polityk kermiskoerse. En wy litte dat gebeure. It leit oan ús, de media, it publyk. Wy litte it ús flikke. Dus wat soe ik lilk op jo wêze? Utsoarte kinne jo der ek niks oan dwaan dat stupide ideeën altyd oppikt wurde en dat sa de domste politikus meastal de grutste beleaning krijt.

Dat ha jo moai flikt.

Bart Kingma

Comments
Ien reaksje oan “Populistisch Volks-Vermaak”
  1. eelke lok schreef:

    Rekke!!!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.