Boris Ryzji, fjochtersbaas en poètemaudit

Publisearre op 20 mei 2019

ARJANNE NIJP – 

Yn it lytse keukentsje fan melklokaal voor hedendaagse kunst op it Hearrefean, bewûnderje trije mannen in boek. Albert Oost fan de galery lit it proefeksimplaar fan de bondel Ryzji yn it Frysk sjen oan dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga en keunstner Jochem Hamstra. In stevich griis kaft, en mei read jern ynbûn mei de hân. “Ryzji hie in litteken op syn gesicht, dêr refereart dat oan” leit Hamstra út.

Tegearre mei Monique Vogelsang dy’t de foarmjouwing die en Elske Schotanus as redakteur en mei-oersetter, jûgen trije manlju dizze bondel hannen en fuotten. Fryske oersettingen fan it wurk fan Boris Ryzji. De Russyske dichter dy’t ynternasjonaal sukses hie, en boppedat opfoel troch syn dranksucht. Yn 2001, syn twadde bondel wie krekt útkommen, die er himsels tekoart. Hy wie doe 26 jier. Ryzji yn it Frysk ferskynt ein maaie as bibliofile útjefte, dus yn beheinde oplage en mei in protte soarch en oandacht makke.

 

“Troch de tragyk fan syn ferhaal, moatst oppasse datst der gjin myte fan makkest. Syn poëzy moatst autonoom lêze. Der sit ritme yn, muzikaliteit. En in hiele goeie ynhâld. Sokken hawwe we yn Fryslân eins net.”

 

Ryzji’s poëzy is bot en rau oan de iene kant, lyrysk en sensityf oan de oare. Dy twa kanten is wat Hettinga en Hamstra oanlûkt yn it wurk fan Ryzji. “Hy kin hiel leaflik wêze as hy skriuwt oer syn soan. Als ik terugkom uit Nederland geef ik je lego. En tagelyk dy hiele rauwe wurklikheid as it om syn maten giet yn de glasnost en perestrojka, dy’t mei koper yn de harsens sneuvelje op it slachfjild.” seit Hettinga. “Hy kaam út in yntellektueel miljeu, mar syn freonen wiene banditen, kriminelen,” wit Hamstra. “Hy wie sels ek in fjochtersbaas, mar is de poëzy yn gien.” Hettinga: “Troch de tragyk fan syn ferhaal, moatst oppasse datst der gjin myte fan makkest. Syn poëzy moatst autonoom lêze. Der sit ritme yn, muzikaliteit. En in hiele goeie ynhâld. Sokken hawwe we yn Fryslân eins net.” Ryzji falt dêrmei neffens Hettinga yn it spoar fan Slauerhoff. “Kinst him ek beskôgje as poète maudit, in doemde dichter.”

Hamstra makke earder alris keunst, assemblaazjes, ynspirearre op it gedicht ‘De see’.

 

Hy hie dronken, is ferdomme foar altyd fan hûs gongen, hy woe nei

de see ôfstekke, mar op it stasjon is er nea oankommen. Hy woe nei de see

dy’t alle leed ferjeie kin. Hy flokte omraken, seach dat bankje, joech him

del en snoarke dêr, net te min. *

 

Hamstra leit út: “It gedicht giet oer minsken dy’t dreame fan de see, graach de see sjen wolle, mar der nea komme. It is in gedicht oer langstme, de see is in metafoar foar wat oars.” Doe’t hy fan Hettinga hearde dat dy graach ris wat mei Ryzji dwaan woe, stelde hy foar om dat tegearre te dwaan. “En doe ha ik dy portretten makke,” seit Hamstra. “Ryzji hat in goeie kop om te tekenjen. Der stiet in hiele moaie foto fan him op syn bondel, dy ha ik as útgongspunt brûkt. En de dokumintêre dy’t Aliona van der Horst oer him makke ha ik sa faak sjoen, dy bylden spylje ûnbewust ek in rol. De fiif portretten foarmje mei elkoar ien portret fan Ryzji. It is in ynterpretaasje fan syn gesicht.”

Hettinga sette him ta it meitsjen en ferbetterjen fan oersettingen. “Ik hie earder alris wat spul oersetten, mar ik bin yn septimber ferline jier wer begûn. Tegearre mei Elske Schotanus, dy’t my hieltyd holpen hat mei ferbetteringen, soms ek yn de formulearing. By in oersetting hinget it op twa dingen. De ynhâld moat goed wêze, mar omdat it sokke muzikale en ritmyske poëzy is, kinst dêr ek elke kear wol wer op ferbetterje. Mar dan moatst ek oppasse dat dêrtroch net krekt wer de ynhâld feroaret. Dat is altyd sykjen, diskusje oer en wer. En iepen stean foar ferbettering. Soms dochst fynsten en dan tinkst: dit is it bêste fan it bêste. Eureka, ik haw it fûn. En dan wurdst troch in oar op ‘e fingers tikke dat it dochs oars kin. Dan komst der diskusjearendewei achter dat der dochs in oare oplossing is, en dan makkest dysels ûndergeskikt oan de kwaliteit dy’t de tekst hawwe moat.”

It oersetten is foar Hettinga in útdaging. “Om te sjen oftst it kinst. It is ek in persoanlike foarkar foar de mear muzikale poëzy. Hjir yn Fryslân hast in kalvinistyske kultuer, it is gauris sober, meager. Ik hâld fan bylden, fan muzyk, en fan in goed ritme deryn. Dan leit der in sekere útdaging fan: kin ik dêr oan rikke? Ik ha ek wol hân dat ik dingen oersette en seach, it slagget net, net publisearje. Oars dochst ek de dichter yn kwestje te koart. Dan makkest dysels belangriker as de dichter sels, en dat kin ek net it gefal wêze.”

Op 24 maaie wurdt de bondel Ryzji yn it Frysk presintearre yn tentoanstellingsromte melklokaal voor hedendaagse kunst op it Hearrenfean. De portretten fan Hamstra en syn assemblaazjes ynspirearre op ‘De see’ binne dan ek te sjen. Hettinga sil in tal fan syn Fryske oersettings foardrage, en Ira Judkovskaja docht deselden yn it Russysk. De bondel ferskynt by útjouwerij Cepher. De mini-ekspo ‘De See / De zee’ mei portrettekeningen en de skilderijeseary nei oanlieding fan it gedicht ‘De see’ fan Ryzji is nei de bondelpresintaasje o/m 7 july ek te sjen yn melklokaal.

 

* twadde strofe út it gedicht ‘De see’ fan Boris Ryzji, oersetting yn it Frysk fan Eeltsje Hettinga.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels