Henk Krol

Publisearre op 7 oktober 2013

Achte hear Krol,

Dat it no krekt Silvio Berlusconi wie dy’t op deselde dei as jo syn plak yn it parlemint opjaan moast! Yn alles in tsjinpoal: hy de clowneske heterturbo dy’t altyd jong bliuwe wol, jo de serieuze beskaafhomo dy’t op de âlderein passe wol. En dan tagelyk op de dongbult fan de polityk bedarje. Ik ha mei jo te dwaan.

Net om wat jo de lêste jierren útkreamen, trouwens. Dat monomane gefulminear oer hoe slim âlderen it hawwe, dat fûn ‘k begrutlik. Der is neffens my gjin groep dy’t it sa goed hat as de 60-plussers, dat sjocht elkenien. Jo hawwe it stik fan Yvonne Hofs yn De Volkskrant dochs ek wol lêzen? En dat jo sa manmoedich op doarden te kommen foar pensjoenpreemjebetellers wylst jo earder as wurkjouwer in frekkige pensioenpreemjewanbeteller wienen – it falt my net ta om dêr wat fergoelikjends op te betinken.

En dochs slagget it my net rjocht om mei alle kabaretiers, kartoonisten, sidekicks of ynternetslappegrappemakkers mei te gnizen, dizze dagen. Dat komt, oant dy rare oerstap nei Jan Nagel en syn maten wienen jo dochs altyd wol in bytsje in held foar my. Net omdat ik fan jo slach bin, hear; op de ien of oare wize binne it dochs altyd moaie froulju dy’t myn dreamen fernoflikje.

Mar dochs. In held. Bytsje.

Want foar de homo-emansipaasje ha jo hoe dan ek in aldermachtichst soad betsjut. Wylst al dy boargermantsjes yn de jierren tachtich, njoggentich braaf pensioenpreemje betellen en mei frou en bern oan de hutspot sieten en it fierder allegear wol bêst genôch fûnen, fjochten jo foar de goeie saak. Fan alles dat berikt is tusken de jierren sechtich en de iepenstelling fan it Nederlânske homohoulik yn 2001 stean achter jo namme miskien wol de measte pluskes. En homo-akseptaasje is útsoarte dochs in graadmjitter foar beskaving, dus jo wienen ek myn held.

En doe wie de striid wol fierhinne striden. Tochten jo. No’t homo’s trouwe koenen makke it écht net mear út oft jo by in man of frou op ‘e lije side kamen foar it sliepen gean. Koenen we einlings ôfweve mei al dy flauwe moppen, rotopmerkings, spytgnyskjende gnuvers of minlik minpratende reli’s.

Mar sjoch, wy binne no 12,5 jier fierder, de earste homo’s hawwe har jubileumslokje al op. Lykwols, ynstee fan wat wy doe tochten is homoseksualiteit noch altyd in issue. Nee, ik bedoel net by dy Marokkanen of dy Russen, of dy pear SGP-ers of Gijp. Ik bedoel gewoan by ús. Yn it doarp, yn de sporthal, op de skoallen, yn de kroech. Op it plattelân.

De plattelânshomo wurdt ommers noch altyd as in eksoat besjoen. Folwoeksenen kinne it net litte om der eltse kear wer in snedige grap oer te meitsjen, as it oer ‘dat stel’ giet. Op it skoalplein is ‘homo’ noch altyd ien fan de meast brûkte skeldwurden. En echt wier: in puberjonge hjir yn de buert is spoekbenaud om út de kast te kommen, bang foar de famylje en freonen. En ek echt wier: guon heiten ha der noch hieltyd muoite mei om harren soantsjes mei poppen of famkes boartsjen te sjen, bang dat se in homo grutbringe. Al boppesteande foarbylden soe’k  konkreet beneame kinne, mar ik formulearje it wat algemiener om nimmen yn swierrichheden te bringen.

Iepen Mienskip, sjuh.

In beskaafde man mei in soad libbensûnderfing, dy’t goed prate kin, dy’t yntelligint en striidber is, dy’t konfrontaasjes oandoart en útdaagjende aksjes kombinearret mei in fatsoenlike útstrieling – sa’n man soe de hjoeddeiske homobeweging dus noch poerbêst brûke kinne. Om dy hurdsturten en koartkoppen dy’t tinke dat homo’s thús alle dagen yn in lila string, mei tepelklemmen en cockringen omdoarmje  ris om de earen te slaan. Om se mei de skerpste wurden fan ’t hynder te blazen, de Berlusconi’s fan de bou en de greide, dy’t stikem fine dat it foar in folwoeksen keardel sûner is om jonge famkes te neuken as fan in oare man te hâlden, dy’t stikem dreame fan in triootsje mei dat lesbyske stel om se te learen, dy’t stikem miene dat sa’n ien-fan-de-ien-op-tsien feitlik neat te sykjen hat yn syn habitat.

En dêrom, achte hear Krol, fyn ik it sa spitich dat jo kears no útblaasd is. Jo hienen noch safolle goeds dwaan kinnen. Foar de homo’s, en dêrmei foar ús allegear. Yn elts gefal hjir, op it plattelân.

 

Freonlik groetsjend,

Bart King

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]