It Reuzefamke fan Royal de Luxe, LF2018, Karen Bies
fotografy: It Reuzefamke fan Royal de Luxe, LF2018, Karen Bies

Balâns

KAREN BIES – 

Ik woe dat ik handich wie mei sifers. Wie ik mar in finansjele man by oerheid of bedriuw, dy’t snapt hoe’t hy de Kosten en de Baten, links en rjochts, lykmeitsje moat. By my binne links en rjochts ferskillende getallen. De ekonomylearaar (Stallinga) stie altyd te suchtsjen en te skodholjen by myn brike balâns. Foar mysels is dit net sa slim, mei myn eigen administraasje kin ik wol libje, mar ik haw ek sân jier lang ponghâlder west fan Buertferiening ‘De Trochsakkers’ yn Oerterp. Ik neam se hjir by namme, want jim meie se bêst freegje nei malversaasjes út myn tiid. Dêr is dus gjin sprake fan. Ik wie altyd earlik. Mar ik krige it net lyk. Wylst der mar tritich famyljes lid wiene, yn de pot mar fiifhûndert euro siet en ik goed rekkenje kin.

 

Under it lange wachtsjen hiene wy sin oan wat te drinken, mar der wie gjin kreamke of kafee flakby om wat te spendearjen. Doe ha wy mar wat jild yn it rûn struid tusken it publyk en giene we wer nei hûs.

 

Wêr gong it mis? Ik hie in tige fariabele post ‘Onvoorzien’. Dy’t alle jierren nei de Ald en Nij-buorrel by de fjoertonne, oanpast wurde moast. Ofhinklik fan hoe gesellich, let en djoer it wurden wie. Nei sân jier joech ik it op. Ik krige in kadobon (dy’t ik sels op de begrutting sette) en de Trochsakkers waarden nei myn fertrek omdoopt ta ‘De Trochsetters’. Fette tiden brutsen oan foar de buertferiening.

Dit wykein op de ReOpening binne se begûn de balâns op te meitsjen fan Ljouwert Kulturele Haadstêd. Logysk dat se my net freegje om te helpen mei rekkenjen. It optellen fan besikersoantallen, oernachtings yn de stêd en hoefolle bier/fris/kofje der ferkocht is, soe ik wol kinne. Mar dêr giet it net om. It giet der om dat de balâns goed útfalt. Rekkenmasters meitsje dy sommen en dêrby rekkenje se mei gemiddelden. In foarbyld: foar de Reuzen fan Royal de Luxe hawwe 430.000 minsken yn Ljouwert west. Dy soene yn de stêd gemiddeld 30 euro de man útjûn hawwe, sizze se. Opbringst: 12,9 miljoen.

No mei ik as ûnbekwame ponghâlder net seure, mar hoe komme se by dy gemiddelden? Wy hawwe mei syn trijen op in snein yn augustus nei de Reuzen west. Under it lange wachtsjen hiene wy sin oan wat te drinken, mar der wie gjin kreamke of kafee flakby om wat te spendearjen. Doe ha wy mar wat jild yn it rûn struid tusken it publyk en giene we wer nei hûs.

Yn de folpakte pindelbus hongen wy toarstich en yn ûnmacht oan de lussen. Ik wiisde M. op de minsken op de terraskes by it Oranjehotel en Wouters en De Stee. Sy wol! Mar doe seagen we nochris goed nei de taffeltsjes. Dy wiene allegear leech. Gjin fris en bitterballen. It wie gewoan te drok om elkenien te betsjinjen.

Ik bedoel mar: telt dat ek mei op de balâns? Hoe komst der achter wat der werklik fertsjinne is? Witst, ik fyn echt dat it nét om jild giet. Kulturele Haadstêd wie in prachtich feest, kultuer makket it libben moaier en mei dus wat kostje. Mar foar de politike ferantwurding makket it wól út. De sifers moatte doge. Lit links en rjochts dan mar ferskillend útkomme, in wibelige balâns is net slim. Mar better is gewoan elkenien freegje, earlik sizze en optelle, sis ik as âld-Trochsakker. En noch even wachtsje oant néi Ald en Nij.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.