Anne Frank

Publisearre op 11 mei 2015

ELINE DE VRIES –  

Ik wie ferskuorrend bliid doe’t de Fryske ferzje fan it deiboek fan Anne Frank útkomme soe. Om my ta te rieden op de rol fan Anne Frank haw ik foarôfgeand oan de repetysjes ‘Het Achterhuis’ yn it Nederlânsk lêzen. Doe wie ik al bot ûnder de yndruk fan har wurden. No’t wy midden yn it repetysjeproses sitte en ik hieltyd mear yn Anne har hûd krûp, woe ik har deiboek graach nochris lêze. Ik wie der al ferskate kearen oan begûn, mar koe der doe net ynkomme omdat it yn it Nederlânsk skreaun is.

Trochdat wy har ferhaal no sels yn it Frysk spylje, kin ik my hast net oars mear foarstelle as dat de famylje ek Frysk wie. Gek eigenlik. En as ik dan it deiboek lês, kloppet it foar myn gefoel net. Dêrom bin ik ferskriklik bliid mei de oersetting fan it deiboek yn it Frysk. It lêst folle makliker en ik kin my folle better identifisearje mei Anne, omdat it Frysk ek myn eigen memmetaal is en de taal dêr’t wy yn spylje fansels.

 

Ast oan ’t lêzen bist, ferjitst ek hielendal hoe’t it ferhaal ôfrinne sil en yn de foarstelling is dat eins krekt sa.

 

It deiboek sels is en bliuwt sa ôfgryslik bysûnder. It is amper te leauwen hoe moai oft in famke fan 14 skriuwe kin. Har deiboek jout sa’n krekte beskriuwing fan har libben as Joadske ûnderdûker dat it in prachtich moaie werjefte is fan alle ûnderdûkers dy’t der west hawwe. It is op guon mominten ek geweldich spannend. Do libbest hielendal mei har mei, bygelyks yn har leafde foar Peter. Ik koe hast net ophâlde mei lêzen, omdat ik witte woe hoe’t it fierder gean soe. Har frustraasjes tsjinoer har mem bygelyks begryp ik folslein. Under it lêzen kinst eigenlik net oars as mei har meilibje. En ast oan ’t lêzen bist, ferjitst ek hielendal hoe’t it ferhaal ôfrinne sil en yn de foarstelling is dat eins krekt sa.

Wy spylje it ferhaal sa’t it wie doe’t se noch libbe; har yrritaasjes tsjinoer har mem, it libben om mei acht minsken ûnderdûkt te sitten, har leafde foar Peter en ek de groei sawol fan har lichem as fan har geast. Yn it boek fyn ik dat ek sa moai om te sjen. Se sitte fansels mear as twa jier ûnderdûkt en troch har wurden hinne skimeret har inerlike groei, dêr’t se ek oer skriuwt. As wy by de repetysjes fan ‘It deiboek fan Anne Frank’ de ein repetearje, moat ik altyd wer even slokke omdat it ôfrint sa’t it ôfrint. Ik freegje my dan wol ôf: as se it al oerlibbe hie, wie se dan ek sa wrâldferneamd wurden sa’t se sa graach woe?

 

Eline de Vries spilet de rol fan Anne Frank yn ‘It deiboek fan anne Frank’. Sjoch ek: www.itdeiboekfanannefrank.nl.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels