• 3 oktober 2016

    MONIQUE FLINKER -  Mei oare eagen sjen nei it wurk fan Sir Lawrence Alma-Tadema (1836-1912). Dat is de útdaging foar 24 keunstners yn it projekt ‘Besiele troch Alma-Tadema’. Harren kreaasjes binne fan 14 oktober ôf te sjen yn Tresoar. De ien wie al bekend mei it wurk fan Alma-Tadema, foar de oar is it ien grutte ûntdekkingstocht. Mar alle 24 dielnimmers meitsje eigen, nij wurk. [...]