Al dy hesjes

BOUKE VAN DER HEM – 

De jierfergadering fan de Koninklijke Vereniging de Friesche Elfsteden hat tagelyks altyd wat wei fan in toochdei. Inkelen dy’t it foar ‘t sizzen ha achter de lange tafel en de seal grôtfol believers. Dat is benammen sa sûnt nei de lêstholden tocht (1997) it lidmaatskip en de tagong fan riders op it iis sekuer regele waard, dat is te sizzen: it tochtriden is keppele oan it lidmaatskip en it ledetal is beheind. ‘Rijdende leden’ (it bestjoer kommunisearret fansels yn de boppetaal) wurde automatysk de nije adeldom sadree’t it werris heve sil.

 

Ferfolgens eamelt it troch oer diploma’s-by-fiif-folbrochte-tochten, oer taalflaterkes, ynskriuwproseduere, gebrûk fan plestik en wêrom dy liuw yn ’e flagge sit?

 

De jiergearkomst is dizze kear foar ‘t earst út ‘e luie stoel wei of sterker noch fan ‘e hometrainer ôf te folgjen fia in live stream. Mar evensagoed sit de grutte seal fan it Ljouwerter WTC Hotel allike fol as oare jierren; dit leauwen sit ommers nét yn de nederklits. Nettsjinsteande dat de agenda der ien is as te ferwachtsjen falle soe by in jiergearkomst fan De Laatste Eer: opening – notulen – ingekomen stukken en mededelingen – jaarstukken – rapport financiële commissie – verkiezing leden financiële commissie – begroting verenigingsjaar – verkiezing bestuursleden – ijsmeet app – rondvraag – pauze – gastspreker Maarten van der Weijden – sluiting.

De foarsitter streket der met flair, gemak, gepaste humor en nu en dan in wurdsje natuerlik Frysk oerhinne. Al by de notulen en oars wol wachtsjend oant de rondvraag slaan guon leden (gauris residivisten) harren slach, fansels neidat se harren namme én ledenûmer neamd hawwe, ommers foar de goeie oarder heart dat by dizze klup sa. Ferfolgens eamelt it troch oer diploma’s-by-fiif-folbrochte-tochten, oer taalflaterkes, ynskriuwproseduere, gebrûk fan plestik en wêrom dy liuw yn ‘e flagge sit?, oer sneue Jan Roelof Kruidhof, ferieningsstipe by partikuliere reüny’s enz., etcetera, ensafuorthinne.

Lykwols wie der dit jier – faaks ûnbedoeld wat weidrukt yn ferslach en ledebrief – in heikel punt: het hesje!, benammen yn kombinaasje mei noch sa’n issue: de passage yn Snits!

Alle tochtriders sille by de earstfolgjende tocht in unifoarm hesje krije mei persoanlik startnûmer. Se krije dat pas by it betrêdzjen fan it bewuste startfak, om ferhanneljen, sismar swartriderij foar te kommen. Mar…, is it in uni-maat? en dochs wol sportmodern, fan ademende stof?, want we sitte ek al fêst oan in ferplichte helm wêrfoar’t mar in beheind tal merken goedkard is…; allegear swit- en knyppunten!

En no komt it: út simulaasjes dy’t it bestjoer entamearre – wêrfoar op ‘m sels hulde út de seal – die bliken dat der by Snits in harmoanika-effekt optrede sil: de tochtriders mei in leech nûmer op it heske sille just by Snits achteropriden en wawit foarbystreke wurde troch de oer’t generaal (relatyf) jonge mei in heger heske! Mei fangefolgen dat de organisaasje om files, triuwerij en ûngelokken foar te kommen dêre in parallelbaan skeppe sil as dûbele passaazje.

Mar dat soarge tagelyks foar ûnstjoer, al yn it WTC en alsa by live streamers: famyljeleden, kammeraten, sponsorploechgenoaten sille tusken al dy unifoarm lykjende heskes just op dy separate banen wachtsje, weromride of oansette, roppend of razend, om mar foaral harren beëage resp. nedige tochtgenoaten te finen! Lykwols, de oare kant oer: altefolle tiid falt der fansels ek wer net te fergriemen by soksoart pandemonium yn sa’n once-in-a-lifetime-event. Ommers, letter op dy winterdei sil it betiid wer tsjuster wurde…

It sil foarfêst emo-tv opleverje: fine de maten inoar yn it tsjuster – behyplik byljochte troch organisaasje, media en eigen bûslampen – of ride se fierder, ferweesd oer de Sleatemermar fierder dwalend?

En toch, persoanlik haw ik net safolle mei hesjes ensa, mar dizze soe ik toedanmar noch wolris oanlûke wolle…

 

Bouke van der Hem/lidnr. 001532

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.