fotografy: Jaap Spieker

Aggie van der Meer en de jacht op in utopyske frijbrief

EELTSJE HETTINGA – 

Dûnsjend in famke draait de boartlik ûndogense as de grutte lyryske anargistyske Dame fan de Fryske poëzy Aggie van der Meer linich en muzikaal yn in oerweldigjende rykdom fan bylden har taalarabesken. Har debút, it lyts lyrysk en dramatysk epos De stêd, it bist, de ingel (2000), en de tsjokke, njoggentich siden tellende bondel Hân oan ’e muorre (2002) wurde karakterisearre troch in poëzy dy’t, net selden krûde fan humor en dan benammen yn de foarm fan satire, gauris in allegoaryske ynslach hat en yn dy sin de lêzer, ymplisyt, in spegel jout. It lêste elemint referearret oan de funksje dy’t de prince yn de ballade ynnimt. Net om ’e nocht seit de ûndertitel fan Aggie van der Meer har earstling dat it in ‘balladeske’ is. Mei dat neologisme, yn syn soarte in kontaminaasje fan ‘arabesk’ en ‘ballade’, dêr’t op ’e eftergrûn ék it yn it stik foarkommend motyf fan ‘Babel’ yn mei lûdet, joech de dichteresse op in treflike en selsbewuste wize it karakter fan har wurk oan: eigensinnige, sterk ritmyske fertelpoëzy.

De stêd, it bist, de ingel, tenei sbi, hat oerienkomsten mei de âlde romantyske ballade, dy’t, as ik te seil gean op Anne Wadman syn skriuwen dêroer yn Fryske Fersleare (s. 61), weromgiet op âlde folkslieten. De gearstalde strofebou en rymskema’s dêrfan binne by Van der Meer ferfongen troch in kollaazje fan fragminten. De poëtyske ynhâld beslacht it tema fan de macht, it misbrûk dêrfan mei navenant alle marsjandearjen mei regels dy’t de minske as yndividu yn ‘beset gebiet’ hâlde, him ta meirinder en figurant meitsje as er it net yn ’e kant set tsjin de ynstitúsjonalisearre Machten fan polityk, godstsjinst en media en alle dêrmei oprinnende foarmen fan moreel ferfal.

‘Yn sletten rigen, trommen, heechhakke learzen, tekens op ’e hollen, sjonge op ’e kadâns fan opswypkjende orakellieten, de figuranten. Rjocht, sûn, fan frjemde smetten frij. It hechte koar fan pappegaaien.’ (sbi, s. 26)

sbi, dat ek in krityk op de sosjaal-politike en godstsjinstige ferhâldings neamd wurde kin, is de apokalyptyske kant neist. It gehiel is lykwols minder radikaal en dekadint as bygelyks it toanielstik Het vuil, de stad en de dood fan Rainer Werner Fassbinder. Dat hat in soartgelikense tematyk, mar de útwurking dêrfan is net allinne pessimistysker, mar ek plan-út fataal. Dat sil te krijen hawwe mei de ateïstyske ynslach fan Fassbinder syn tekst. Van der Meer har poëzy, dêr’t in dúdlik metafysysk werklikheidskonsept de grûnslach fan foarmet, lit romte foar de hope, sij it mei de nedige twivel, of sa’t it yn it lêste fragmint fan sbi steld wurdt:

‘Nachts hat de ingel twa koaren gearubinen ta har foldwaan. Hjir en dêr giet in man, in frou, in bern op paad. In ynjouwing. In fersin.’ (s. 30)

Op it drok snuorjend naaimasyntsje fan har ferbylding lapet de dichteresse alderlei sa op it earste each net mei-inoar te ferienjen wrâlden byelkoar. Dat smyt in fantastysk, út en troch surrealistysk, mar foaral barok spegelkabinet op wêryn’t in spul spile wurdt mei de skiednis fan juster en hjoed. Alderlei motiven út de histoarje (Balthasar Gerards, s. 6), de mearke- en sêgewrâld, de mytology, en dan benammen de bibelske, binne yn it wurk ferfrissele. Ik neam it boek Daniël (kening Belsazar, s. 15), de Iepenbieringen fan de apostel Johannes, mei navenant alle apokalyptyske foarstellings.

Yn de foarm wurdt op gauris âldtestamintyske wize gebrûk makke fan de tsjinstelling, de herhelling en it opneamen. Mar binnen de foarm is it lizzen fan direkte, koel logysk-kausale ferbannen tusken de ferskillende fragminten net direkt oan Van der Meer bestege.

‘De sûndebok, heech op ’e offertafel, wurdt oplape nei it goaien fan de earste stien. By it waskjen fan ’e hannen, de ien de oar, binne dêr, ynienen, de rotten.’ (s. 28)

It binne datsoarte ferfrjemdzjende byldtechniken, dy’t karakteristyk binne foar har poëzy. De teksten sels binne faak rike yntertekstuele Fundgruben, al wie it mar omreden fan it grut tal sprekwurden dat gauris op fernimstich ferhaspele wize opdûkt. ‘… opblaasde kikkerts, sûnder hoop op in tút fan in faam, sette de stêd nei har hân.’ (s. 25)

Van der Meer har moderne poëzy, kompleks en faak foar mear as ien útlis fetber, twingt ta traach lêzen. Foar ien dy’t wol dat teksten wat bedolle en bedije is dat net de minste lêshâlding. Dochs kin Van der Meer gjin kryptysk skriuwen ferwiten wurde, sa’t ûnder oaren Durk van der Ploeg hawwe woe yn syn besprek fan sbi. Dêrfoar liedt har rezjyhân te strak. Dy ferriedt him ek yn de opbou fan sbi. Dêryn is sprake fan in heldere ferhaalline, dy’t ynbêde is yn in komposysje wêrby’t, lykas by it klassike drama, sprake is fan in ienheid fan tiid, plak en hanneling, lykop rinnend mei resp. de tolve moannen fan it jier, de stêd en de yntriges yn it spul om de macht.

Net allinne it plak sels, de stêd dy’t in soad wei hat fan de stêd Babel, ek de personaazjes hawwe in min ofte mear allegoaryske funksje; se binne de personifikaasjes fan in idee of oar abstrakt begryp. Ik neam: it Bist  (de gleie, op macht ôfjage yntrigant), de rotten (dy’t mei alle winen meiwaaie), de âld rôt (de duvel), de boargemaster (de temûk mei it Bist gûlende opportunist), de biskop (de dûbelhertige, dy’t de eagen tichtknypt en ‘gjin ûngemak’ wol), it kantoar (de burokrasy), it Blokkerfamke (nayf en fan neat wittend), de wite ruter (de dichter) en de ingel (dy’t de ‘silligens’ en ‘fisioenen’ ken, lak oan regels hat en harsels rêdt mei ‘skerpe pinnen’).

De kompositoaryske ienheid fan sbi is ekstra bestevige, meidat drok gebrûk makke wurdt fan it stylmiddel fan de repetitio. Wurden en sinsparten, lykas de persoan ‘Vitali Sjentalinski’ (s.10) – de man dy’t yn de kgb-argiven de nammen fan twatûzen ferbeane en ferballe Russyske skriuwers wist op te dûken – of it ‘Mene Tekel’ komme mear as ien kear foar en krije dêrmei as motyf in kaaifunksje.

‘Even sjocht de biskop de hân dy’t it Mene Tekel skriuwt. It roppich iten. It gleon betaasten. It nytgjen fan it lot. It stjerren fan kening Belsazar. Mar dat lûkt er yn: fan noch mear reboelje hat gjin mins ferlet.’ (s. 14-15)

Yn toan – hear it strakke, suver grime dragende ritme yn boppesteand fragmint – en ynhâld kin har poëzy maklik op tsjin it byldrike en sa altemets satiryske wurk fan in dichter as Sjoerd Spanninga, mei fersen fan it slach as ‘De wenten fan it wurd’ (Kymgong, s. 28) of ‘Fan boeven en boargers’ (Kymgong, s. 48).

Wat Van der Meer har Nederlânske konfraters oanbelanget, leit der in parallel mei de eksuberante en fisjonêre poëzy fan Lucebert syn dichterskip, dêr’t in engaazjemint de grûnslach fan foarmet dat ek ien fan de grutte driuwfearen is by Van der Meer. Mar dêr’t Lucebert syn persoanlike belutsenens èk yn de foarm útdrukt – hy jout it lyrysk ik-subjekt rom baan -, dêr kiest Van der Meer meastentiids foar it personale of it mear ûnpersoanlike perspektyf, konkreet: it ymplisyt gebrûk fan de foarnamwurden ‘men’ of ‘wy’.

Mei it each op it dramatyske karakter fan it lyts lyrysk sbi-epos binne dy fertelstânpunten net steurend, mar yn de santich gedichten tellende bondel Hân oan ’e muorre pakt dat oars út. De fersen bliuwe te faak oan ’e bûtenkant; se binne in slach te eksplisyt, bygelyks ‘World-on-line’ (s. 26) of ‘Produksje-easken (s. 25). De toan mei bytiden bitend synysk wêze, it kin net ferhelpe dat datsoarte fersen direkt of yndirekt in programmatyske c.q. prekerige kant hawwe. De spanning fan it yn foarm en styl sa rynsk spile spul om in morele kar, sa’t dat yn sbi it gefal is, is yn dy fersen fuort; der is inkeld noch sprake fan in plat en plan-út ôfwizen fan guon maatskiplike ferskynsels. De moraal leit der te tsjok boppe-op, net liker as wist de dichteresse fan alle Grutte Wierheden en Wiere Deugden.

In part fan de poëzy yn Hân oan ’e muorre, wêryn’t it lykas sbi wer draait om de macht en it ûnôfhinklik en selsstannich lêzen fan de tekens út skiednis fan hjoed en no, mei navenant alle Grutte Fragen, makket boppedat de yndruk dat it in residubestân is fan sbi. Guon rigels út sbi keare bytiden letterlik werom. Ik neam fersen as ‘De boadskipper fan Ochotsk (s. 68-69), ‘De sûndebok’ (s. 21), ‘Fasades’ en ‘De Goelach Archipel’, dat út ein set mei de distichon: ‘Under de eagen fan Vitali Sjentalinski / waakst it byld dat elkenien foargoed ferjitte woe.’ (s. 62).

Dêr stiet lykwols in macht oan gedichten foaroer dy’t mear as besjen lije kinne, lykas it sonnet ‘Rotten yn ’e falle’ (s. 52), ‘De ferspijden fan Dante’ of it trijelûk ‘Pear’ (s. 63-65), dat ien fan de hichtepunten yn de bondel is. Fan it lêste gedicht yn dy syklus, in frij sonnet oer de leafde fan twa âldere minsken, sitearje ik it oktaaf út r. 7-14:

 

Yn it waaksend skaad sjocht er

har jonge famkeslea,

de rook fan ôfmeand gers,

de smaak fan de ferparte appel,

kersen om twa earkes, skulpkes yn syn hân.

Yn it lêste ljocht bringt sy him nei de

waarmte dy’t noch toevet yn har hôf,

in skûlplak tsjin de neakene nacht.

 

De tredde bondel, Wachtsje op it daagjen (2004), is yn seleksje en komposysje gâns better ôfwoegen as Hân oan ’e muorre. Yn de bondel, opboud út seis sykly, wurdt mear as ien kear foar it lyrysk ik-subjekt keazen. Dat is foar Van der Meer nij. It ynslaan fan dy wei bewiist net allinne de fitaliteit fan har dichterskip, mar soarget mei fersen as ‘Ik bin gjin tún’ (s. 33) of ‘It útbrekken fan de finzene’ – in twapetear tusken de dichter en de ingel –, foar in tal lyryske hichtepunten, net allinne yn de bondel sels, mar ek binnen de Fryske poëzy fan de lêste jierren. Dat jildt ek foar it út fjouwer parten besteande, omtrint suver ekspresjonistyske, want djip besiele gedicht ‘Huzen’, dat út ein set mei de strofe:

 

It kreunt by it lytste suchtsje

wyn, gûlt fan ûnferfolberens,

it hûs yn ’e greep fan

skoattels en it swarte

gat mei de útkoarre wurden. (s. 42)

 

Dat fjouwerlûk einiget mei de prachtige trijerigel:

 

In frjemdling yn ’e greide

in setstik yn it spul fan

bûter, stien of skrieze-aaien. (s. 43)

 

Sa’t Tsjêbbe Hettinga yn it gedicht ‘Frjemde kusten’ (Frjemde kusten / Strange Shores, s. 14) op symboalysk-allegoaryske wize libben en leafde farre lit yn it skip De Wrâld – in symbolyk dy’t ûnder mear weromgiet op it wurk fan A. Roland Holst of J.J. Slauerhoff -, sa lit Aggie van der Meer har skip farre, neamd ‘De Invincible’.

 

Mids it driuwen op baren fan hoop en genot,

it wollen en winskjen, it fiskerslatyn,

kôgje se mei trage tosken de brette hoannen:

de ferkeapers fan ’e bear syn hûd as er net

mear dûnsje kin, as gjinien mear mei him

fjochtsje wol en hy dus wint.

It feest kin alle fragen net ferneare, de lege

flessen farre sûnder boadskip op it strân

(‘De Invincible’, s. 18)

 

Dat binne rigels dy’t yn al har fernimstigens lykop sile kinne mei dy fan Hettinga. By al it byldhouwurk dêr’t beide dichters har sterk ritmyske fertelpoëzy mei optúgd ha, sylt it by Van der Meer omreden fan har irony en satire lykwols in slach lichter as by it faak drege, topswiere skip De Wrâld fan Hettinga.

Twa kaaimotiven freegje mear omtinken. Foarst, de allegeduerich weromkearende ingel en it motyf ‘beset gebiet’. By de earste is it nijsgjirrich te sjen hokker rol en funksje dy hat en hoe’t dy har (!) ferhâldt ta de ingels sa’t dy opdûke yn de poëzy fan konfrater-dichters as Sjoerd Spanninga en Lucebert.

By it twadde motyf is it gedicht ‘It Minskepark’ (s. 67) út Hân oan ’e muorre ien fan de meast nijsgjirrige fersen. It is opdroegen oan de Dútske kultuerfilosoof Peter Sloterdijk, dy’t yn it essay ‘Regels voor het mensenpark’ it hjoeddeiske, saneamde progressyf kristlik-humanisme ûntmaskere, of leaver sein: dat te kakken sette as in religy fan dompteurs, soks yn de meast nuet meitsjende sin fan it wurd. Omreden fan romte kin ik hjir net yngean op Sloterdijk syn referaat; ik haw dat foarbeholden oan It Fatale Applaus, diel II.

Hawar, it earste kaaimotyf: de ingel. By Sjoerd Spanninga, mar ek by in dichter as Fedde Schurer is dy manlik.

 

 – Soannen en dochters

neamde hy de minsken

nei har wezen

mar sjoch

in fall’ne ingel is er wurden

de profeet !

Ut: ‘Panem et circenses’, Kymgong (s. 60)

 

By Lucebert en Van der Meer is de ingel lykwols froulik. Yn ûndersteande rigels stekt de dichteresse moai satirysk de tonge nei de manlju út en dat mei typysk neamd wurde foar de selsstannige en ûnôfhinklik tinkende rol fan de frou yn Van der Meer har wurk.

‘Ingels […] lûke har eigen baan, dwerstroch duorsume regels, wijde boeken en hillige burchten. En boppedat: it bliuwe froulju.’ (De stêd, it bist, de ingel, s. 11)

By Lucebert wurdt yn it fers ‘ik tracht op poëtische wijze’ (‘De analphabetische naam’, yn: Verzamelde Gedichten, s. 52) it fallen-wêzen op de dichter sels belutsen:

 

ware ik geen mens geweest

gelijk aan menigte mensen

maar ware ik die ik was

de stenen of vloeibare engel

geboorte en ontbinding hadden mij niet aangeraakt

 

Yn it fers ‘de schoonheid van een meisje (s. 51) seit de dichter oer dat gefoel fan ferballe-wêzen:

 

maar ik spel van de naam a

en van de namen a z

de analphabetische naam

daarom mij mag men in een lichaam

niet doen verdwijnen

dat vermogen de engelen

met hun ijlere stemmen

 

Der is it besef dat de oarspronklike fertrouwensbân tusken Ik, taal en ding kaputt is. Wat oerbliuwt, is in eksistinsjele, útsinnige wanhope om de mins en syn ferlern fermogen de hegere stimmen fan de ingelen te berikken. By Aggie van der Meer is der dêrfoaroer noch altiten de hope. De ingel, ‘wend oan silligens en fisioenen’, is de bewarder fan de tekens. Oan de mins de kar oft er dy lêze wol of net, mooglikheden dy’t lykop rinne mei de lêste rigel fan sbi: ‘In ynjouwing. In fersin.’ Van der Meer jout fandatoangeande folle mear it ferhaal oer it dwaan fan in yndividuele, morele kar.

Van der Meer har ingel is gjin deus ex machina, in ynstitúsjonele boadskipper fan machten, dy’t mei alderlei fan boppen ôf stelde oplossingen (en/of regels foar soks) nei foaren komt. Want dat is krekt it ferskynsel dêr’t it bondel nei bondel tsjin yn de kant set wurdt. It giet har om de frijheid fan it yndividu, dy’t, tsjin de Macht yn, dejinge is dy’t oan it lewant fan it eigen Sels de tekens doart te lêzen.

 

(…) Se seit: wêr is de ingel dy’t de streken

set,

 

Dat is in fraach dy’t – en sjoch yn de foarm it tûk keazen enzjambemint oan de ein fan de tredde rigel – seit:

 

mar as sy yn it wetter fan de oseanen sjocht is sy

it sels.

 

It finzen- of ferballe-wêzen, winliken is it gûl om goarre. The fact is there, gefolch fan in net om te kearen fal. Likegoed Lucebert as Aggie van der Meer belûke dêr de taal by. Dé idee fan ‘de analphabetische naam’ giet werom op de tiid fóár de grutte Babylonyske sûndefal, mei navenant alle lettere spraakbetizing, in gegeven dêr’t ek de byldhouwer yn de earste strofen fan de greate wrakseling fan Hessel Miedema oan referearret. De oarspronklike steat fan taal en wêzen, wêryn’t de minske en de ingel inoar noch ferstiene, is ferbrutsen. In net te efterheljen ferbân. Dêr hat op ’en heechst de dichter, dy’t as ‘de wite ruter Pegasus beklimt’ noch in fermoeden fan, of sa’t it yn it Babelstik sbi steld wurdt:

‘De moarn net mear as in lyts fermoeden fan begearlikheid. Foar de nacht syn flerken teard, oerrûn, oan flarden skuord. Opbierd op it âld nijs fan ’e krante fan juster.’ (s. 5)

De ûnderlizzende tema’s by dit ûnderwerp fan oarsprong en fal beslagge alle grutte, algemien-minsklike fragen oer dat iene, oarspronklik ljochte en tagelyk tsjustere begjin. It ferlangen dat dêrmei mank is, kin mei it each op de Tiid ek omdraaid. Yn dat gefal wurdt it gehiel in spegel fan in utopyske takomst. Dat gegeven is, tinkt my, ien fan de koarken dêr’t it wurk fan de religieuze, mar yn wêzen djip ûnleauwige Aggie van der Meer op driuwt.

Yn de knier fan de ferskillende tiden is de dichter in bemiddeler, dy’t sawol by Lucebert as Van der Meer alderlei farianten fan it Pegasus-motyf berydt. Bygelyks yn it fers ‘De skriuwer’ (Hân oan ’e muorre, s. 57):

 

Ut ’e hege himel,

azem fan ’e sinnegod,

is er krekt op tiid en hielhûds lâne,

de flerken spraat, de waaks yntakt.

 

Op in oar nivo wurdt de fal konkretisearre yn de ferneatiging (fan it Joadske folk) yn de Twadde Wrâldkriich, sa’t dy ûnder mear it gefolch west hat fan ideologysk misbrûk fan de taal troch alderlei demagogyske, de taal foarbakkende rotten en bisten.

Manlju mei fûgelkoppen. Swart. Besette de net bewekke stêd, de ûnbemanne stelling, skandearje abrakadabra út foarfoarme mûlen.

Dat tema fan de oantaaste taal is net allinne te finen by Van der Meer en Lucebert (‘in de schaduw fan de grote Idee of grote God staan kleine maar venijnige fanaten die het ringeloren niet kunnen laten’, yn Verzamelde Gedichten, s. 878), mar ek by in dichteresse as Ingeborg Bachmann. De kearn fan dy har wurk seit: ‘As de taal troch Machtsmisbrûk ta in fraze en lang om let ta jiske ferwurdt, dan is soks net allinne de deaklap foar de dichter, mar ek foar de herinnering oan in oarspronklikens. (‘Poëzy as brea’, Kistwurk nr. 3, 2001)

Foar my persoanlik is dy tsjustere en tagelyk ljochte diminsje fan de net yn taal ûnder te bringen herinnering altiten iepen, soks yn de heraklityske sin fan it wurd, streamend, in riedling dat yn kombinaasje mei it ritme en de klank oan it wêzen fan de poëzy sels komt.

‘… riedlingen part fan libben, iten, drinken. Langstme dat gjin wurden hat.’ (s. 19)

Fan dat riedling, it byld fan in herinnering oan in oarsprong, hat Van der Meer op in nochter iroanyske wize steld: ‘De ingel dy’t foarby komt, in moaie dream. (sbi, s. 8). Itselde gegeven wurdt troch Lucebert heind mei wat er ‘Een vloeibare engel’ neamde.

It twadde kaaimotyf, dat fan ‘it beset gebiet’, komt nei foaren yn ‘It Minskepark’, in mear as slagge gedicht as it om Van der Meer har tematyk fan de algemien-minsklike yndividualiteit giet.

 

It Minskepark

 

(Peter Sloterdijk)

 

Yn ’e fiver fan it minskepark

lêst se harsels oant it begjin.

In frjemd ferhaal

yn spegelskrift.

 

De wei werom, wurden bylâns,

printe yn hûd, krast op ’e lea,

roppen yn in ivich langstme

nei in ôfsletten tún.

 

Tusken de regels

lokket de flechtwei,

in eigenmakke

frijbrief út beset gebiet.

 

It fers waard skreaun nei oanlieding fan de yn 1999 yn it Dútske Elmau holden lêzing ‘Regels van het Mensenpark’ fan Peter Sloterdijk, wêryn’t er in radikale oanfal op it humanisme die. Yn dy lêzing borduert Sloterdijk fierder op Nietzsche syn gedachte oer de mins dy’t út de bergen komt, himsels in wente bout, de doar lytser makket as er sels grut is en dêrmei de earste stappen op paad set fan syn eigen domestikaasje. [i] Lykas sein, yn It Fatale Applaus, diel II kom ik fierder op de relaasje tusken Peter Sloterdijk en Van der Meer werom. Foarearst kin steld wurde dat mei it each op boppeneamd domestikaasjeproses it fers ‘It Minskepark’ oars net lêzen wurde kin as de delslach fan in djip romantysk ferlangen nei de foarwrâldske romten en tiden fan fòar Babel, nei it oarspronklike, of noch wer oars, mar dan yn de utopyske sin fan it wurd: nei in èk foar himsels fersteanbere mins.

 

roppen yn in ivich langstme

nei in ôfsletten tún.

 

As taal in estetyske skepping is, en dat is it oeuvre fan Aggie van der Meer, dan sis ik: Wat in poëzy, wat in skepping.

[i] Sjoch ek: Friedrich Nietzsche, Dat sei Zarathustra, ferfryske troch Eric Hoekstra, s. 184 en fierder.

 

 

Dit stik stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 2, 2005

Comments
Ien reaksje oan “Aggie van der Meer en de jacht op in utopyske frijbrief”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.