Achte frou Haga

Publisearre op 18 november 2011

Wat is it stil bleaun, net? Wannear wie it? Septimber, wol ‘k leauwe, dat jo de foarside fan de krante helle hawwe. Ik tocht: no komme de pipen út de sek! Einlings sil der in diskusje losbrekke dy’t syn wjergea net ken, dy’t in trochbraak wêze sil yn it tinken en praten oer ússels. Sa’t de wittenskippers yn it CERN de natuerkunde yn ûnstjoer brocht hawwe mei harren neutrino’s, sa soenen jo it Frysk binnenstebûten keare kinne.

Mar nix fan dat alles. Wy binne no dik twa moannen fierder, en ik ha kwalik in ynstjoerde brief yn de krante fine kinnen.

Dat jo as steatelid fan de ChristenUnie – dochs net de grutste revolúsjonêren – it no krekt binne dy’t ôfrekkent mei de Fryske taalreligy, dêr wol ik jo mei komplimintearje. Jo hawwe subyt ôfweefd mei dat nuvere leauwen fan ús, mei de starre dogma’s fan de Fryske kudde. Hulde! Knap dat jo lûdop yn it provinsjehûs doare te sizzen dat jo der strontsiik fan wurde dat jo altyd en ivich ôfrekkene wurde op it goed brûken fan ús taal. Ien ferkeard útsprutsen of stavere wurd en jo moatte foar it folksgerjocht ferskine, foar de Fryske ynkwisysje.

Ja, dat lêste wurd, ynkwisysje, dat seit genôch. Slim hè, dat sa’n wurd sa skreaun wurde moat yn it Frysk. No binne jo taalwittenskipper, dus jo wisten it fansels allang, dat der neat doocht fan ús taal.
Jawis, wy hawwe prachtige eigen wurden en útdrukkings, dêr net fan. Mar it probleem leit, witte jo, by de krampachtigens wêrmei’t wy omgean mei ynfloeden fan oare talen. Dat wize hearen ea besletten hawwe dat alles wat fan bûten komt yn it Frysk fonetisearre wurde moat is fansels in taalkundige sûndefal dy’t ús al generaasjeslang ferflokt. Myn freonen laitsje my noch altyd út as ik mei harren troch it Grouster ‘akwadukt’ ryd. En wa’t betocht hat dat wy op ‘kompjûters’ wurkje en yn in ’tiim’ sitte, dy hat leafde foar taal as in Wâldpyk foar it keatsen.

En dan haw ik it noch net iens oer dy moaie âlde Frânske wurden, mei dy prachtige ch- of zj-klanken. Eltse ‘sjauffeur’, ‘resjersjeur’ of ‘sjoernalist’ soe yn Fryslân dochs fuortdaliks it wurk dellizze moatte?! Klearebare xe… sorry, ksenofoby, dat is ’t. Om te janken.

Boppe dit stikje stiet it wurd ‘kollum’. Hat neat te krijen mei it doarp, en de skriuwers binne gjin kollumers. Mar ek net kollumisten, sa’t je dan tinke soenen. It is totaal ûnlogysk.
En dan it gebrek oan logika yn de eigen wurden. Wêrom in ‘boek’ mei oe en in ‘dûk’ mei udakje? Wa hat betocht dat ‘hoareka’ mei oa moat, wylst it de ôfkoarting hotel-restaurant-kafee is. Ik haw noch noait yn in hoatel sliept, jo wol? En dat ‘voetbal’ net ‘foetbal’ mar ‘fuotbal’ wurdt, begryp ik likemin. Trouwens, ‘volleybal’ mei dan wer gewoan ‘volleybal’ bliuwe… jo god mei witte wêrom.
Der kloppet dus gjin hout fan, fan dat Frysk.

Eltse taal feroaret. Myn bern wurde folslein Frysktalich grutbrocht yn in suver folslein Frysktalige omjouwing, mar sizze konsekwint (oeps, ja, dy c en q, hè, dat mei by ús net) dat se hjoed op skoalle ‘ekstra húswurk mei soenen krije as se net wat better harren bêst woenen dwaan.’ Earlik sein docht my dat sear oan de earen, mar it is no ienris de realiteit. Net te kearen, dat gedonder mei dy tiidwurden. Pas de regels mar oan, dus.

Mar nee, mei de tiid meigean, dat is net ús sterkste eigenskip yn Fryslân. Mar dat wisten jo allang, frou Haga. Hjir wurdt noch altyd leaud yn de himelske Fryske taal, mei syn ivige libben yn folsleine soevereiniteit. Unfeilber en net troch minskewurk te fersteuren. O ijdelheid der ijdelheden!

En ja, it is krekt as mei dy oare kudde: de Fryske wurdbibel falt net ta, mar de Fryske skiep, dy binne noch helte slimmer! De groep leauwenden wurdt stadichoan lytser, krekt as by jo, mar net minder fanatyk. Ofrekkene wurde op jo Frysk, dat bart hjir alle dagen. De Fariseeërs rinne oeral om ús hinne yn de timpels fan it Frysk. By eltse besite oan provinsjehûs, Afûk- of Tresoarkantoaren, omrop of iepenloftspul moatte jo wach wêze om net mei fersin te praten oer jo wandeltocht troch it bosk fan Terskelling, of oer de moeilijke keuzes yn jo leven. De skriftgelearden ha jo samar by de kraach. En bringe jo nei de inquisitie (god, wat is dat wurd folle moaier yn syn oarspronklike foarm).

Achte frou Haga, as ik in hoed hie naam ik him foar jo ôf. Ut sympaty soe ik oare kear hast op de ChristenUnie stimme wolle.

Mar ja, dy oare kudde, hè.

Mei heechachting,

Bart Kingma

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]