Iepening ‘Rondje om de kerk’ yn byld

Publisearre op 22 september 2014

COEN WALTMANS – 

Ôfrûne snein waard yn de Sint-Margaretakerk yn Boksum de eksposysje Rondje om de kerk iepene. De eksposysje is in gearwurking tusken Noorderlicht Fotografie en Stifting Alde Fryske Tsjerken en is ûnderdiel fan de Noorderlicht Internationale Fotomanifestatie dy dit jier yn Ljouwert plakfynt. Lâns acht ferskillende tsjerken yn Fryslân kinne besikers in rûte fan 55 kilometer ôflizze, en meardere eksposysjes fan fotografen besykje. Der is ûnder oare wurk te sjen fan Tryntsje Nauta, Maartje Roos en Gitte Brugman. De eksposysje waard snein iepene troch Deputearre Jannewietske de Vries.

De eksposysje Rondje om de kerk is oant en mei 26 oktober elk wykein fan 13:00 oant 17:00 te sjen yn de dielnimmende tsjerken.        

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels