“It is ús kulinêr erfgoed!”

SITO WIJNGAARDEN – 

Ynkoarten toere Tryntsje Nauta en Inge Nicolaij mei harren ta mobile fotostudio omboude buske de provinsje troch om in totaalbyld fan de Fryske oranjekoeke anno 2013 fêst te lizzen. Neffens de fotografen Tryntsje Nauta en Marijke van Ruiten is de oranjekoeke in grut ûnderdiel fan de Fryske identiteit en is it heech tiid om dit kulinêre erfgoed yn kaart te bringen.

 

Oranjekoeke?
“In skoft lyn sieten freondin en kollega Marijke van Ruiten en ik tegearre oan de keukentafel te praten oer de Fryske identiteit. Oranjekoeke is dêr in grut ûnderdiel fan. Wy rekken fassinearre troch it moaie úterlik fan de koeke, en benammen ek troch al dy ferskate wizen fan opmeitsjen fan in oranjekoeke. Doe ûntstie it gekke idee om fan álle Fryske bakkers harren oranjekoeke te fotografearjen en dêrmei in soart van ensyklopedy fan de oranjekoeke te meitsjen. Yn in selsbouwde fotostudio yn ús buske sil ik, tegearre mei stazjêre Inge Nicolaij, de hiele provinsje troch om by alle Fryske bakkers harren oranjekoeke te fotografearjen. Se sjogge der echt prachtich út. Fan boppeôf binne it krekt dekorative tegeltsjes. It is sa moai om te sjen dat der safolle ferskate wizen fan opmeitsjen binne. Elke bakker hat syn eigen hânskrift.”

Gek genôch is der mar in bytsje oer ús oranjekoeke dokumintearre. Dat no liket it my it momint om dêr feroaring yn te bringen. Ik wol dit kulinêre erfgoed foar de takomst fêstlizze. Hulde oan it bakkersambacht!

“It tal bakkers wurdt hieltyd minder, mar de oranjekoeke is yn myn eagen noch ‘springlevend’. Hast op elke jierdei yn Fryslân wurdt it iten. In oar feit is dat wannear’t in bakker ophâldt mei syn bakkerij, dêrmei syn oranjekoeke útstjert. Sa wurdt it grutte ferskaat oan oranjekoeken stadichoan lytser. Dêrby komt dat hieltyd mear minsken oranjekoeke út de supermerk ite. Dy oranjekoeke is neat yn fergeliking mei de oranjekoeke fan de echte bakker. De oranjekoeke hoecht wat my oanbelanget net rêden te wurden, mar mei seker wol ris yn it sintsje setten wurde. It is ús kulinêr erfgoed! En gek genôch is der mar in bytsje oer ús oranjekoeke dokumintearre. Dat no liket it my it momint om dêr feroaring yn te bringen. Ik wol dit kulinêre erfgoed foar de takomst fêstlizze. Hulde oan it bakkersambacht!”

Dizze oranjekoeke-seary is hiel wat oars as de seary fotoportretten dy’t jim beide earder makken. Neat ekspressyfs oan in oranjekoeke.
“Ik fyn de oranjekoeke krekt hiel ekspressyf. En se binne allegearre sa oars. De iene bakker makket syn oranjekoeke hiel wielderich en barok, wylst de oare just in strak foarmjûn stikje oranjekoeke makket. Boppedat, ite is emoasje. Ik merk hieltyd wer dat de oranjekoeke in soad emoasje en oantinkens opropt. It is folle mear as in gewoan gebakje. En wat sa leuk is, is dat it alle kearen wer in ferrassing is hoe’t de oranjekoeke by de folgjende bakker der útsjocht. As de bakker dan út de bakkerij wei de winkel ynkomt mei in doaze, dan is it alle kearen wer spannend wat der yn dy doaze sit.”

As de bakker dan út de bakkerij wei de winkel ynkomt mei in doaze, dan is it alle kearen wer spannend wat der yn dy doaze sit.

De seary moat ynsjoch jaan yn de ferskillen en oerienkomsten binnen ús provinsje. Wat fertelt in oranjekoeke oer de identiteit fan it plak en de minsken dêr’t de bakker syn oranjekoeke-ambacht útoefenet?
“Elke bakker makket der in keunstwurkje fan. Mei glazuer, krêm of slachreamme en ferskate dekoraasjes. Ut en troch is dat de fantasij fan de bakker, mar faker noch nei it idee fan eardere generaasjes. Dé oranjekoeke bestiet net. Dy hat lykas de Fryske identiteit in soad nuânses dy’t yn de foarm fan dit projekt yn kaart brocht wurde. Wy sille troch in enkête te witten komme wat de ferskinnen binne yn Fryslân. Ien fan de bakkers fertelde bygelyks dat er yn de stêd mear slachreamme ferkeapet, mar op it doarp just mear krêm. Dat is krekt wat tradisjoneler.”

“Oer tsien jier ite wy faaks allinne de oranjekoeken fan de Albert Heijn. Mei dizze seary wol ik minsken sjen litte hoe moai en bysûnder ús oranjekoeke is. It sil in optimistyske en feestlike seary wurde. It liket my prachtich om in hast ûneinige reeks fotografearre oranjekoeken te sjen, makke troch bakkers mei elk in eigen hânskrift. Dêrmei jout de seary ynsjoch yn de ferskate oerienkomsten binnen ús provinsje.”

 

Mear oer de oranjekoeken fan Tryntsje Nauta? Sjoch: www.facebook.com/oranjekoekwww.oranjekoeke.nl en www.tryntsje.nl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.