De Tiidmasine

Publisearre op 6 januari 2014

ATE GRIJPSTRA –

Wittenskiplik sjoen is it net per defininysje ûnmooglik: reizgje troch de tiid. Jo moatte allinne efkes sjen út te finen hoe’t jo it ljocht te fluch ôf wêze kinne. Sels behearskje ik de keunst al jierren. Ik doch gewoan de eagen ticht en

… bin wer yn de healtsjustere keuken. Wy binne út de wenkeamer ferballe troch de kofjedrinkende folwoeksenen. Ferfeling slacht ûnmeilydsum ta, mar ien fan de famkes krijt it idee om mei-inoar te lústerjen nei in spannend harkspul dat op in kasettebantsje fan har heit stiet.

It audioboek-avant-la-lettre krijt ús folslein yn ‘e besnijing mei syn metalen silinders, tentakels, bûtenierdske wêzens, ferneatigingswapens en it systematysk útroegjen fan it minsklik ras. Allegear ûnsin fansels. Mar sa realistysk en sa freeslik benearjend brocht, dat we wiken letter noch bloedreade nachtmerjes ha.

It wie in earste kennismeitsjen mei de lugubere fantasij fan Herbert George Wells (1866-1946). Letter folge The War of the Worlds yn boekfoarm. En The Invisible Man en The Time Machine. Noch wer letter waard de muzyk fan Jeff Wayne ûntdutsen. En ferskate ferfilmingen fansels. Tige fasinearjend…

Werom yn it No oanbelâne, docht bliken dat de wrâld fan Wells ek lang om let yn de Fryske taal tagonklik makke is. Geart fan der Mear sette de novelle The Time Machine oer yn, wat Utjouwerij Elikser oantsjut as, ‘geef Frysk’.

Mei wurden as ‘skrutelens’, ‘fanneed’, ‘rispinge’, ‘ferrinnewearre’ en ‘betsjânsjelje’ kinne jo yndie wol fan in beskate gevens sprekke. Mar it is mar de fraach oft elkenien Fan der Mear syn typearjende ‘mij-hij-sij-wij-bij’ (ynstee fan ‘my-hy-sy-wy-by’) wol standert-skriuwtaal-Frysk fynt.

En wat te tinken fan fokabulêr as ‘heel-oardeel’ (‘hiel-oardiel’), ‘droom-stroom’ (‘dream-stream’) en ‘histearise-gemise’ (‘hystearyske-gemyske’) dat yn dizze oersetting brûkt wurdt? Taalkundich goed oer neitocht, hear, mar it skaait earder nei ‘idiolektysk’ út as nei ‘geef’.

Begryp my goed: sels mei ik der wol oer, sok taalferskaat. De ynhâld fan De Tiidmasine noasket my lykwols noch better. Wy geane sawol werom nei de Fiktoriaanske tiid as hûnderttûzenen jierren de takomst yn. Wy belibje foar it earst of opnij it Wellskiaanske fizioen fan de degeneraasje fan it minskdom. Wy dreame wer ús swartreade dreamen.

Wat wol in bytsje tiidreizger noch mear?

 

H.G. Wells, De Tiidmasine. Oerset troch Geart fan der Mear. Utjouwerij Elikser, Ljouwert, 113 siden, EUR 17,00. Bestel hjir.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels