Wa moat de Gysbert hawwe? (2)

Publisearre op 4 september 2013

No freed ferskynt yn de Moanne in bydrage fan Klaas van der Hoek oer de nominaasjes fan de Gysbert Japicx-priis 2013. Wa’t sa lang net wachtsje kin, kin fan hjoed ôf oan alle dagen in diel fan dit spannende fúljeton online folgje. Hjir diel twa.

 

KLAAS VAN DER HOEK – 

Ferlerne tiid dy’t ik fergetten wie
As der fan de nominearre bondels ien by ferskinen goed ûntfongen is, dan wol it debút Fan glês it brekken fan Elske Kampen (1955). De krityk wie entûsjast. Edwin de Groot neamde it ‘in skot yn ’e roas’, Cornelis van der Wal fûn it ‘folle mear as in ûnthjit, it is daliks al in klassiker’ en Eppie Dam spruts fan ‘in eksposee fan wurdrykdom en taalbehearsking’; de bondel wie foar him ‘de iepenbiering fan 2010’. Ek it lêzerspublyk wie goed te sprekken. Fan glês it brekken waard net allinne bekroand mei de Fedde Schurerpriis foar debutanten, mar krige boppedat de Fedde Schurerpublykspriis.

Dat is opmerklik, want Elske Kampen skriuwt ynbannige, suver bedêste poëzy, wêryn’t observaasje en yntrospeksje útgeane boppe ekspressiviteit. Utroptekens ûntbrekke letterlik en figuerlik. Betreklik lange, meidielsume gedichten, net selden mei in ballade-achtige struktuer, jouwe rom baan oan in recherche du temps perdu. Troch de bondel hinne wurdt hinte op it spul fan ljocht en skaad, it ferburgen wêzen en it sichtber meitsjen. Dan fynt ljocht ‘romte tusken myn rigels. // Even koe ik rikke sûnder fingers. // Nei lykwicht, nei ferlerne tiid / dy’t ik fergetten wie.’ In oar byld is dat fan glês, dat trochlit en trochjout, mar ek spegelet en ôfketst. Ljocht, skaad, glês: it binne yn dizze bondel frekwinte, mar net de meast orizjinele begripen.

Yn ferskillende gedichten stapt Kampen út de yllúzjeleaze wrâld fan hjir en hjoed wei en giet se it grinsgebiet fan wurklikheid en dream binnen dat yn de bernetiid leit. It lytse universum fan in fantasyryk famke wurdt skildere yn taal en bylden dy’t tagelyk trefseker binne én it heimige yntakt litte. Leafdefolle portretten binne der ek fan in heit, in bern, in frou op har siik- en stjerbêd.

Mar ek is der omtinken foar libbenleaze foarwerpen dy’t skiednis meidrage of ea meidrage sille. It smyt bytiden om sa te sizzen Rilkeaanske dinggedichten op:

 

Stil dreame se yn kanferkasten of slomje

yn djippe doazen, âlde dingen doelleas

opteard, klomjend yn fersketten kleuren.

[…]

Nije dingen wachtsje sûnder euvelmoed

mei glâns en skerpe rânen, gjin skrassen

oer it glimmend liif, noch gjin ferline.

 

De sitearre fragminten litte grutte niget oan en feardigens mei taal sjen, mar dogge ek wat konvinsjoneel oan. Fan glês it brekken is in knappe bondel, dat jou ik de kritisy daalk ta, mar hoe melodieus en ritmysk ek, in tige dynamyske bondel is it net.

 

 

It himsels wjerkôgjende oantinken
It hert fan de bondel Ikader fan Eeltsje Hettinga (1955) bestiet út gedichten nei oanlieding fan it wurk fan Bas Jan Ader, de konseptueel keunstner dy’t graach dingen falle liet, benammen himsels, en úteinlik oer de râne fan de ierde foel, doe’t er yn in sylboatsje de Atlantyske Oseaan oer soe. Hettinga syn fassinaasje foar Ader wurket troch oant yn de titel fan de bondel ta.

Swiertekrêft is gefaarlik foar wa’t net mei beide fuotten op de grûn stean bliuwt – leafst flakke grûn, lykas yn Fryslân. Mar Eeltsje Hettinga hat mear sympaty foar wa’t de provinsje ûntflechtet en de hichten en fierten opsiket, is it net fysyk dan teminsten yn de geast. Sels hat er, krekt as Ader, jierrenlang yn Amearika omspaand. Ferskillende gedichten yn Ikader helje herinneringen op oan de tiid dat er om utens wie.

Mar wichtiger is dat er syn kulturele eachweid net beheine lit troch de provinsjegrinzen. Ek yn syn fyfde dichtbondel tilt it wer op fan de ymplisite en eksplisite referinsjes oan benammen skriuwers en byldzjend keunstners mei hiel ferskillend kultureel DNA, fan Paul Celan oant Hans Faverey en fan James Ensor oant Yves Klein. De wrâld is grutter as Fryslân; wa wit begjint sy sels dêrbûten. Tekenjend is hoe’t Hettinga yn it hekeldicht ‘In lân, in myte’ lucht jout oan syn wearze fan it byld fan Fryslân dat it Fries Museum útdroech yn de fotoútstalling Flakkelân fan Stephan Vanfleteren. Dat byld, in idealisearring fan provinsjalisme, stiet heaks op it kosmopolitisme dat al sûnt syn debút Akten fan winter út 1998 troch it wurk fan Hettinga waait.

Eeltsje Hettinga wit wat taal ferget: ‘Deis sleep ik it wurd by de bergen op, / jûns lis ik yn it dal foar dea’. Ek dat der taal is ‘dêr’t / nimmen yn komt, behalve it krá-krá // fan it himsels wjerkôgjende oantinken’. Likegoed giet er de berch op, ‘bûten sinnen / de beamgrins fan in begjinnen oer’. It resultaat is redenrike, ynventive poëzy, dy’t somtiids lykwols skreaun wurdt mei in opsichtich grutte P. Dat komt ûnder mear troch dichterlike oanslaggen lykas it foarop pleatsen fan ferhâldingswurden (‘Op nimt him it gnuvend djip’) en mulwurden (‘Bleaun is de tiid in iepen plak’) en it achterop pleatsen fan eigenskipswurden (‘grêffjilden read’, ‘op sokken wyt’).

En guon gedichten binne al te partikulier. Harren drama is inkeld in bytsje te pleatsen as men mei help fan de oantekenings achter yn de bondel oan it googeljen slacht. Dêrmei krije guon kryptyske oantsjuttings achtergrûn, mar noch gjin funksje binnen de kontekst fan it gedicht. It is yndied taal foltroppe mei krá-krá, dêr’t foar de lêzer gjin plak yn is.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels