Klaas Bruinsma 80 jier

Publisearre op 2 februari 2011

Mei de presintaasje fan in nije oersetting út it Middelnederlânsk fan syn hân, Fergút, betinke wy dat Klaas Bruinsma 80 jier wurdt! Belangstellenden wurde fan herte útnoege om dit mei him en ús te fieren op freed 4 febrewaris fan 15.00 ôf yn Tresoar yn Ljouwert.

Op dizze middei wurdt yn wurd en byld oandacht bestege oan Bruinsma syn rike oersetkarrière. Hy sil fertelle oer hichte- en djiptepunten by syn oersetwurk en fansels sil er út Fergút deklamearje, op de fan him bekende wize. Boppedat krijt Tresoar dan de beskikking oer in portret fan Klaas Bruinsma, dat skildere is troch Douwe Elias. Truus de Vries sil in muzikale bydrage fersoargje.

Op de resepsje nei ôfrin, mei in hapke en in drankje, is elk yn de gelegenheid Bruinsma lok te winskjen en fan syn wurk kennis te nimmen.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels