Spooney World

Publisearre op 10 mei 2012

Se libje, hawwe leaf, fjochtsje, farre, rinne, reizgje, krije bern en hawwe karakter. Om koart te gean: se libje, de saneamde ‘Spooneys’, makke troch keunstner Botas. Om dy bysûndere skepsels hinne hat Botas in hiele wrâld kreëarre, de saneamde SpooneyWorld. Oant en mei 26 maaie kin men yn ’e kunde komme mei dy wrâld, yn de eksposysjeromte De Galerij fan De Lawei yn Drachten. Spooneys binne makke fan ôftanke húshâldlike artikels lykas leppels en oar itensiedersark. Want, sa seit Botas: ‘If this world truly is rubbish, then let rubbish become a world.’

Mirjam van Houten

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels