Autoke of autootsje?

Publisearre op 6 mei 2020

HENK WOLF – 

De yngewikkelde kwestje fan de Fryske ferlytsingswurden
Hat jo broer ‘in nij autootsje’ of ‘in nij autoke’? Rint jo suster yn ‘in kreas truike’ om of yn ‘in kreas truitsje’? Is de Sint Piter yn Rome ‘in aardich geboutsje’ of ‘in aardich gebouke’?

Wat by ferlytsingfoarmen op in lûd (klinker) de korrekte ferlytsingsútgong is, is net sa’n maklike kwestje. De Afûk skriuwt yn it learboek Skriuw mar Frysk nei in lûd altyd -ke foar, mar hâldt hem sels lang net altyd oan dat foarskrift: ‘kadootsje’ en ‘kadootsjes’ komme op de Afûk-site ferskate kearen foar, ‘kadoke’/’kadokes’ net ien kear. Yn it learboek De Stipe, ek fan de Afûk, wurde just beide mooglikheden wer neamd, sûnder ien fan ‘e twa ôf te karren.

 

‘Truike’ liket de dominante foarm, mar ’truitsje’ komt yn de hele provinsje ek in soad foar.

 

As wy sjogge nei wat de praktyk is, dan is it noch yngewikkelder: it Frysk Wurdboek fan Zantema jout almeast beide ferlytsingsfoarmen. Popkema beskriuwt yn syn Grammatica Fries allinne it Afûk-systeem, mar neamt yn syn Basisgrammatica Fries wol wer útsûnderingen lykas  ‘autootsje’. It WFT jout by wurden op in lûd faak beide ferlytsingsmooglikheden, op -ke en op -tsje. Sjoch bygelyks dizze link en dizze link.

Ut in dialektenkête fan de FA út 1980 komt ek nei foarren ta dat ‘fotootsje’, ‘autootsje’, ‘radiootsje’ en ‘geboutsje’ doe al in stik gewoaner wienen as de -ke-farianten en dat dy -ke-farianten fierhinne beheind wienen ta de Wâlden. By it pear ’truike’-’truitsje’ is it dreech om in patroan te finen. ‘Truike’ liket de dominante foarm, mar ’truitsje’ komt yn de hele provinsje ek in soad foar. Sjoch de ûndersteande kaartsjes dy’t makke binne op basis fan dy enkête út 1980. De swarte rûntsjes binne de -ke-foarmen, de iepen rûntsjes de –tsje-foarmen.

 

 

Mei tank oan de Fryske Akademy foar it beskikber stellen fan de kaartsjes.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels