Eksposysje Alfabet-projekt tidens Explore the North 2017
Publisearre op 10 november 2017
Fan 16 o/m 26 novimber is elkenien fan herte wolkom op de tentoanstelling fan it Alfabet-projekt fan de Moanne dêr’t keunstners harren eigen artistike draai jûn hawwe oan it alfabet.
Begjin 2014 hat de Moanne keunstners, foarmjouwers en skriuwers útnoege in plan yn te tsjinjen om foarm te jaan oan ien fan de letters fan it alfabet. Neist in protte nasjonale ynstjoerings waarden der ek plannen út Spanje, de Feriene Steaten, Dútslân, Hongarije, Ingelân, Sina, Portugal, Estlân en Itaalje yntsjinne. De letter Z waard it minst keazen. De letters I en Y wiene it populêrst. De keunstners dy’t troch in sjuery selektearre binne, hawwe harren yn 2014 oan it publyk presintearre op in spesjale pagina op ús website: Dossier Alfabet-projekt. Oan ’e hân fan ynterviews, fideo’s, sketsen en oare bydragen wie sa it ûntstean fan harren letter fan tichtby te folgjen. Art in the making.
Yn gearwurking mei Lân fan Taal en Explore the North is it Alfabet-projekt fan de Moanne fanôf 16 novimber alle dagen fan 11.00 – 16.00 oere te besjen yn it skip de Eestroom oan de kade fan Proefverlof yn de Blokhuispoort Bhp yn Ljouwert. De tagong is fergees.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Byldzjende keunst,Essay
YME KUIPER - ‘Een portret kan groot zijn, grooter dan de oneindige lucht, grooter dan de heerlijkste buitendag, het portret toch kan het leven, de [...]
Kategory: Byldzjende keunst,kultuerbelied,Ynterview
GRYT VAN DUINEN - Yn 1997 makke Oeds Westerhof (37) as direkteur fan Keunstwurk syn entree yn de Fryske kultuer. Foar fiif jier woe er [...]
Kategory: Arsjitektuer,Byldzjende keunst,Essay
HUUB MOUS - It Frysk Museum hat fan de ferline jier ferstoarne arsjitekt Abe Bonnema achttjin miljoen euro krigen foar nijbou ‘op of aan het [...]