‘Gowe’ of ‘gouwe’?

Publisearre op 8 december 2017

HENK WOLF – 

Oft mear minsken it wurd ‘gowe’ koenen, frege myn eardere buorman Arjan Hut op Facebook. Hy hie it brûkt yn in stik dat er foar syn wurk by Omrop Fryslân skreaun hie. “Moast it opsykje om wis te wêzen oft it wol in besteand tiidwurd is en net allinnich it soarte fan taal dat inkeld yn jins holle bestiet.”

 

Ik tink dat de redakteurs fan it WFT it wurd ‘gowe’ by fersin yn ‘e âlde skriuwwize opnaam ha.

 

Ik kin it wurd wol. It betsjut sokssawat as mei de mûle iepen stean te sjen. Ik hie tocht dat in útspraakfariant wie fan ‘geauwe’. It wurdbyld ‘gowe’ kaam my út noch yn net bekend foar. Yn it WFT (Wurdboek fan de Fryske Taal) koe ik it ek net fine en de staveringshifker op Taalweb.nl sette der in reade streek ûnder. Arjan wiisde my derop dat it wurd wol yn it Frysk-Nederlânske hânwurdboek fan Zantema stiet.

Nuver: in wurd stiet wol yn it hânwurdboek en net yn it folle gruttere WFT. Ik begûn te sykjen en kaam yn it WFT wol ‘gouwe’ tsjin, yn de bedoelde betsjutting en mei de útspraak ‘gowe’. Dat wie nuver. Wurden dy’t wy mei in ‘oo’ útsprekke, skriuwe wy net mei ‘ou’.

Alteast, dat dogge wy net mear. Foar 1980 wie dat noch wol gebrûk. Wa’t wolris in wat âlder boek lêst, is grif foarmen lykas ‘stouwe’ foar ‘stowe’ wolris tsjinkaam, of ‘jouwes’ foar ‘jowes’.

Dat, ik tink dat de redakteurs fan it WFT it wurd ‘gowe’ by fersin yn ‘e âlde skriuwwize opnaam ha. Doe’t se dêr begjin jierren tachtich oan begûnen te skriuwen, bestie dy noch mar krekt, dat sa’n flaterke is dan net iensen sa ûnferwachte. Of hat ien in bettere ferklearring?

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels