Simmerkuier mei poëzij yn Mantgum

Publisearre op 5 juli 2017

Wolsto dy ris ferrasse litte en in moaie simmerjûn-kuier troch Mantgum meitsje, mei gedichten as in boeket blommen? Op woansdeitejûn 12 july besjonge njoggen dichters út Mantgum en fier dêr bûten, Mantgum; har huzen, de beammen, de histoarje en de fûgels. Op dizze ‘Moanne Live’ foardrachten fan: Wytske Wassenaar, Geartsje Bouma, Robyn Steensma, Pieteke de Boer, Ruerdtsje Kuperus, Anna Christien Piebenga, Henk Nijp, Tsjitske van der Meer en Ciska Noordmans.

Wy sjogge dy graach no woansdei 12 july om 19.30 oere op de Seerp van Galemawei 29, 9022 AC Mantgum. De tagong is fergees. Opjefte by Sito Wijngaarden fia: s.wijngaarden@afuk.nl. Der is beheind plak (maksimaal 20 man), dus jou dy wol op! Parkeare kin skean tsjin de Seerp fan Galemewei 29 oer, by it âlde gemeentehûs. Nei ôfrin drinke wy graach in gleske mei jim!

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels