Simmerkuier mei poëzij yn Mantgum

Wolsto dy ris ferrasse litte en in moaie simmerjûn-kuier troch Mantgum meitsje, mei gedichten as in boeket blommen? Op woansdeitejûn 12 july besjonge njoggen dichters út Mantgum en fier dêr bûten, Mantgum; har huzen, de beammen, de histoarje en de fûgels. Op dizze ‘Moanne Live’ foardrachten fan: Wytske Wassenaar, Geartsje Bouma, Robyn Steensma, Pieteke de Boer, […]

‘Moanne Live’ mei Kening fan ‘e Greide

Op tiisdei 15 septimber is der wer in ‘Moanne Live’! Diskear yn gearwukring mei Kening fan ‘e Greide. In tema-jûn oer boeken. In ynspirearjende jûn mei Johan van de Gronden, Kees Kooman en Albert Beintema; skriuwers en tinkers dy’t elk koartlyn in boek útbrochten oer de tematyk fan Kening fan ‘e Greide. Ynrin fanôf 19.30 […]

Utnoeging Moanne Live mei Nop Maas

De lêste Moanne Live fan dit jier wurdt holden op woansdei 5 novimber yn gearwurking mei de Fryske ôfdieling fan de Orde van den Prince en Tresoar.  Op útnoeging fan de Orde van den Prince hâld Nop Maas in lêzing ûnder de titel: ‘Ophef rond Reve, Reve’s Friese jaren en de jaren na zijn dood’. Nop Maas: ‘Ophef […]

Utnoeging de Moanne Live

De tredde Moanne Live dit jier stiet yn it teken fan de presintaasje fan de nije ferhalebondel ‘De triennen fan cheetah’ fan Anne Feddema en de nije roman fan Josse de Haan: ‘Frou mei mandoline op sofa‘. Jo binne fan herte wolkom op woansdei 24 septimber om 17:00 oere yn it Tryatergebou oan de Oostersingel […]

de Moanne Live mei Josse de Haan

De lêste Moanne Live fan dit jier stiet yn it teken fan de nije essaybondel fan Josse de Haan, ‘Frozen moonlight yn myn hannen’. Yn ’e mande mei útjouwerij Elikser en Museum Dr8888 wurdt op freed 15 novimber yn Museum Dr8888 troch de skriuwer it earste eksimplaar oanbean oan Marianne ten Hove. Oare sprekkers op dizze […]

Utnoeging de Moanne Live

De redaksje fan de Moanne en de Stichting de Moanne noegje jo fan 
herten út foar in foardracht fan de folgjende sprekkers:
 fotograaf Tryntsje Nauta, Marjan Poutsma oer oer-kultuer, sjoernalist Erik Betten
 oer De Fries en Klaas Sietse Spoelstra oer Kulturele Haadstêd 2018 en hoe no fierder. No tiisdei 8 oktober 2013 om 20.00 oere yn de Gysbert Japicx-seal fanTresoar, Bûterhoeke […]

de Moanne Live oer Fryske waadkust

De tredde Moanne – Live fan dit jier wurdt holden op tiisdei 14 maaie. Ditkear in temajûn oer de kânsen fan de Fryske waadkust. De jûn bestiet út in lêzing troch lânskipsarsjitekt Peter de Ruyter en in debat. Yn it debat stiet de stelling ‘Fryslân hat him ôfkeard fan de see’ sintraal. Debatlieder foar dizze jûn is […]

Van der Hem & Bottema oer biersûpe, Marktplaats en Tokkys

De twadde Moanne Live fan dit jier wurdt holden op tiisdei 12 maart. En ditkear stean op it poadium fan de Moanne: Sjoerd Bottema en Bouke van der Hem. Oer streekliteratuer, it neisyngronisaasje-effekt, wrâldboargers, stêd en plattelân, Nederlanners, Belgen, Friezen en Turken, Nij Beets en New York, Frysksinnigens, de Fryske Beweger, de Tokkys, hurdfytsers en bûtersmokkelers, Marktplaats.nl, […]

Tiisdei 11 desimber, de Moanne-Live

Ald-konrektor en ûndersiker Han Korting fan Santpoort-Noard skreau in yndrukwekkend boek oer de marine-offisier Lodo van Hamel (1915-1941), de earste yn Londen oplate, geheim agint yn beset Nederlân. Hy waard yn oktober 1940 arrestearre by de Tsjûkemar. Foar syn boek hat Han Korting yntinsyf argyfûndersyk dien by it NIOD en it Nasjonaal Argyf yn Den […]

Tiisdei 23 Oktober, de Moanne Live

De redaksje fan de Moanne en de Stichting de Moanne noegje jo fan herten út foar in foardracht fan de folgjende sprekkers: Jetske Bilker, Silke Boersma, Anne Feddema en Laurens Aaij. Tiisdei 23 oktober 2012, oanfang 20.00 oere. Gysbert Japicx-seal, Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert de Moanne – Live is bedoeld om op papier, mar ek op tal […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.