• 5 juli 2017

    Wolsto dy ris ferrasse litte en in moaie simmerjûn-kuier troch Mantgum meitsje, mei gedichten as in boeket blommen? Op woansdeitejûn 12 july besjonge njoggen dichters út Mantgum en fier dêr bûten, Mantgum; har huzen, de beammen, de histoarje en de fûgels. Op dizze 'Moanne Live' foardrachten fan: Wytske Wassenaar, Geartsje Bouma, Robyn Steensma, Pieteke de Boer, Ruerdtsje Kuperus, Anna Christien Piebenga, Henk Nijp, Tsjitske van der [...]