Stroohoed

Publisearre op 23 december 2015

KARIN SITALSING – 

Myn útstelde jeugd leit yn ‘e strjitten fan Ljouwert. Ljouwert, dêr’t ik wenne, wurke, libbe. Oantinkens kleve oan ‘e stiennen, hâlde har sliepend, oant ik der wer ris omrin. Dan litte se har sjen, har fiele en rûke.

De Stroohoed giet ticht, sei in freondin lêsten.

Och, de Stroohoed.

Hoefolle jûnen hie ik dêr net sitten mei kollegasjoernalisten? In moai klupke wienen wy. Op freedtemiddei noch efkes nei it wurk it terras op, dan in hapke ite en ferhip, sa let alwer? No, noch ientsje dan. En dat it dan ynienen dochs wer midden yn ’e nacht wie.

De Stroohoed, dat wie it plak fan de swiere petearen oer ferlerne leafdes, grutte fragen en himelreitsjende dreamen. Wêrta wy op ierde wienen. De geweldige boeken dy’t we skriuwe soenen. Dêroer hienen wy it oan ‘e taap fan de Stroohoed, happend yn in tosty. Mei mooglik makke troch spiritualia wienen wy Hemingway, Hunter S. Thomson, Woodward en Bernstein, allegear yn ien. En as de sinne der wer by kaam en de kater stadichoan weromslûpte nei syn kuorke, naam de waan fan ‘e dei it stjoer wer oer. Oant de folgjende freedtejûn.

Ik dronk ris yn Grins in bierke mei Martin Bril. Hy en ik wurken doe foar deselde krante en hy soe net sa lang dêrnei foarlêze yn Ljouwert. Hy frege my oft ik in moai kroechje wist foar in ôfsakkerke.

In freondin hie de Stroohoed ris omskreaun as ‘dat donkere hol voor mensen die niets meer van het leven verwachten’. Doe’t ik dat tsjin Bril sei, lake hy. ‘Dat is precies wat ik zoek.’

Ik ferliet de stêd alve jier lyn, mar liet myn hert efter yn Ljouwert en no komme der stadich lytse skuorkes yn. It freoneklupke fan doe foel útinoar, sa’t dat giet as it libben dertusken komt mei al syn ûngemakken. De dreamen ferhuzen nei in plakje earne djip fan binnen. Ik bin gjin Hemingway wurden. Bril is dea.

Nea haw ik him frege oft er der ek west hie. It begrutte my dat ík der sa lang net west hie, mar doe skeat in gedicht fan Bril my tebinnen.

‘Ga nooit terug naar de plaatsen van je jeugd – ze vallen tegen, net als bij nader inzien je hele jeugd.’

Och, de Stroohoed.

 

Earder ferskynd yn de Moanne, 14 (2015), 5 (septimber), s. pag. 4

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]