• 23 december 2015

    KARIN SITALSING -  Myn útstelde jeugd leit yn 'e strjitten fan Ljouwert. Ljouwert, dêr't ik wenne, wurke, libbe. Oantinkens kleve oan 'e stiennen, hâlde har sliepend, oant ik der wer ris omrin. Dan litte se har sjen, har fiele en rûke. De Stroohoed giet ticht, sei in freondin lêsten. Och, de Stroohoed. Hoefolle jûnen hie ik dêr net sitten mei kollegasjoernalisten? In moai klupke wienen [...]