Kapper

Publisearre op 4 augustus 2015

KAREN BIES – 

Alder wurde giet fansels, al hoecht it gelokkich net mear yn itselde tempo as de generaasje fan beppe. Mei op dyn fjirtichste in permanintsje, in keunstgebit, in húshâlding en in korset dat alles byinoar hâlde moat. Tiden binne feroare, en dus sit ik by de kapper anneks ‘schoonheidssalon’, om it húshâldjild ris efkes goed te besteegjen.

De salon sit fol en tagelyk is der in ferbouwing oan de gong. De timmerlju binne boppe en bûten oan it wurk, mar we hearre se amper. Se hawwe de radio net oan, se fluitsje sels net! Se binne ûnnatuerlik stil. Miskien ha se opdracht krigen om sachtjes te dwaan foar de froulju har trijemoanlikse ‘verwenmoment’ hjir.

 

‘Deze crème is gemaakt met honderd procent echte arganolie uit Marokko,’ seit se. ‘Fairtrade. Met de verkoop van deze exclusieve lijn helpen we drieënzestig Berber-families.’

 

De kapper sit op in kruk en rôlet om in stoel hinne. Hy fiket mei syn skjirre yn it dochs al koarte kapsel fan de frou. Se prate sêft meiinoar, de eagen fia de spegel. Yntime, presise puntsjes hier falle oer de grûn. Noch net it daverjende lûd fan de föhn tusken har beiden.

In oare klant freget advys oer har hierkleur. Se is blond mei lange swarte lokken, as in Afghaanske wynhûn. De kapster stelt wat oars foar.

Under de droechkap lêze froulju mei strookjes sulverpapier yn it hier de LINDA. Of se ha de eagen ticht, de holle ynpakt yn waarme doeken, hot stones yn de nekke, foar ûntspanning.

As in skiep yn ûnmacht lis ik mei de holle achteroer yn in wasbak. ‘Wilt u een milde of een stevige hoofdmassage?’ freget it famke. Twa boufakkers tôgje tegearre in ôfbrutsen stik muorre foar de wasbakken del. It moat alderheislikst swier weze. Se hawwe in reade holle, mar se jouwe gjin kik. It brok pún wurdt troch de smelle achterdoar nei bûten wurke, sûnder wat te reitsjen. Knap. ‘Doch mar stevich,’ antwurdzje ik.

Myn holle, nekke en skouders wurde massearre. En foar myn gesicht hat se ek wat spesjaals. It is te keap. ‘Deze crème is gemaakt met honderd procent echte arganolie uit Marokko,’ seit se. ‘Fairtrade. Met de verkoop van deze exclusieve lijn helpen we drieënzestig Berber-families.’

Ik sjoch har oan. It famke is hiel moai. Se hat blauwe eagen en swarte eyeliner. Har hûd is geef. Se freget: ‘Wat wilt u dat een crème voor uw huid doet?’

Bûtendoar set in timmerman syn boarmasine yn in stik hout.

‘Tweintich jier jonger,’ sis ik.

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]