De ballade van den oud matroos

SIMON OOSTING – 

Samuel Taylor Coleridge skreau dit boek yn 1798. Al is it mear as 200 jier âld, ik fyn it it lêzen tige wurdich. Ik haw twa oersettingen lêzen: dy fan W. Blok út 2002 mei as titel De ballade van de oude zeeman en dizze De Ballade van den oud matroos, dêr’t de titel in folle moaier ritme fan hat, fan Antonie Donker (dat in pseudonym is fan Nico Donkersloot) út 1931. De oersetting is opdroegen oan Hendrik Marsman. Ik fyn dizze oersetting moai omdat de âlde taal sa geweldich past by de swiere tema’s fan skuld en boete, eangst en genede, opportunisme en waansin. In âlde seeman fertelt in brulloftsgast syn ferhaal. De brulloftsgast lit it feest oan him foarby gean –de dream fan dichters, skriuwers en fertellers: dat de harkers it libben om har hinne ferjitte– om te hearren dat de seeman op see in albatros sjitten hie, sûnder in goeie reden en dat bringt ûngelok:

 

Ik had een duivelswerk begaan,

Wierp elk mij voor den voet.

Luid drong hun stem: het kwam door hem,

De albatros deed ons goed.

Zonde voor God was dat drieste schot,

De albatros deed ons goed.

 

In ûngeunstige wyn fiert se earst nei ûnbekend wetter en as dan de wyn fuort falt is der oars net as wetter, is it skip tenein en is it drinkwetter op:

 

Water, water was om ons heen

Maar het hout verdorde en kromp

Water overal om ons heen

Maar voor niemand van ons een dronk.

 

De seeman is de iennige oan board dy’t net fan ‘e toarst omkomt en yn alle waansin sjocht er dan it moaie fan in spoar fan wetterslangen foar de boech … mijn somber hart weer dankbaar werd en vroom … en de skuld falt fan him ôf. It skip komt op merakelse wize wer yn de thúshaven. Fan dat momint ôf rint de seeman, as in rêsteleaze, rûn om syn ferhaal te fertellen as in ‘somberder en wijzer man’. De ballade hat in pear ferrassende en modern oandwaande dialogen, as ynienen yn it ferhaal fan de seeman de harker it wurd nimt.

En it ferhaal jout geweldige beskriuwingen fan de see dy’t waanbylden bringt en hat grif de ynspiraasje west foar oaren, bygelyks foar Toine Heijmans dy’t yn Op Zee reizget mei syn dochter mar eins ek net en foar Slauerhoff dy ’t de lykkisten oan board iepenbrekke lit yn it ferhaal ‘De laatste reis van de Nyborg’ út de bondel ‘Schuim en As’ en foar mysels, foar myn gedichtensyklus hûnewacht, dêr’t de bondel mei deselde namme mei begjint. In seeman nimt dêr, yn stoarm en tonger, ôfskied fan in âld kapitein. Ik soe dy gedichten nea skreaun hawwe sûnder De Ballade van den oud matroos.

 

The rime of the ancient mariner – De ballade van den oud matroos. Samuel Taylor Coleridge, oerset troch Antonie Donker (1931)

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.