Poetic Potatoes 2016

Publisearre op 14 oktober 2016

Begjin oktober binne foar it tredde jier gedichten foar it projekt ‘Poetic Potatoes’ ferstjoerd nei Malta. Tegearre mei de earste Fryske poaters binne de gedichten fan Janneke Spoelstra, Tsead Bruinja, Geart Tigchelaar, Yva Hokwerda en Simon Oosting op transport set nei Valetta. ‘Poetic Potatoes’ is in projekt fan de Stichting Bildtse Aardappelweken yn it kader fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018de Moanne fersoarge de seleksje fan de gedichten.

Besjoch ek it dossier ‘Poetic Potatoes’ foar alle oare bydragen oan dit 2018-projekt.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels