Poetic Potatoes
Yn gearwurking mei Stichting Bildtse Aardappelweken fersoarget ‘de Moanne’ yn oanrin nei KH2018 in útwikselingsprojekt mei dy oare kulturele haadstêd yn 2018, Valetta. Oantenmei 2018 ferskypje wy, tegearre mei de poaters út Fryslân, alle jierren tsien Fryske gedichten yn Ingelske oersetting nei Malta. Yn dit dossier alles oer it projekt Poetic Potatoes.
Poetic Potatoes 2016
Begjin oktober binne foar it tredde jier gedichten foar it projekt 'Poetic Potatoes' ferstjoerd nei Malta. Tegearre mei de earste Fryske poaters binne de gedichten fan Janneke Spoelstra, Tsead Bruinja, Geart Tigchelaar, Yva Hokwerda en Simon Oosting op transport set nei Valetta. 'Poetic Potatoes' is in projekt fan de Stichting Bildse Aardappelweken yn it kader fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. de Moanne fersoarge de seleksje fan de gedichten.Projekt 'Poetic Potatoes' wint Piter Jellespriis 2019
It poëtysk útwikselingsprojekt 'Poetic Potatoes' wûn justerjûn yn de Oranjeseal fan it Ljouwerter stedhûs de Piter Jellespriis foar de Letteren 2019. De literêre priis is moandei troch wethâlder Sjoerd Feitsma oan de stichting De Bildtse Aardappelweken oanbean. De sjuery bestie út Goffe Jensma, Kirsten van Santen en Coen Peppelenbos.Poetic Potatoes op it Media Art Festival!