Fan ‘do ek!’ nei it doek

RYNK BOSMA –  Echt maklik wurdt it de taskôgers fan Doek! net makke, mar ja, it is in stik oer it libben sels en wa sil sizze dat it libben maklik is. Sa’t de tiid foarby fleant yn in libben, giet dat eins ek op foar Doek!. Yn ‘e achtbaan op wei nei it doek, […]

Ernst Bruinsma yn Op en út

Dizze boeken bespruts Ernst Bruinsma yn it programma ‘Op en út’ fan Omrop Fryslân: Lida Dijkstra, Wenje yn in skilderij. Wijdemeer & Fries Museum, Ljouwert, 2016. Www.wijdemeer.nl Jeroen Olyslaegers, Wil. De Bezige Bij, Amsterdam-Antwerpen 2016. Www.debezigebij.nl J. Slauerhoff, Een varend eiland. Brieven. Uitgeverij De Arbeiderspers, Amsterdam-Antwerpen 2016. Www.privedomein.info    

Achterlik Fryslân

EELKE LOK –  It is eins net earlik dat Ernst Bruinsma my frege hat in resinsje te skriuwen fan Douwe Koostra syn nijste boekje Achterlik Fryslân. Allegearre kollums … … Hea. Douwe skriuwt foar op syn boekje yn it Frysk ‘columns’.  It is dochs kollums? Op ‘it each fan eelke’ hiene we it oer kollums. […]

De kruikenruiker

SJOERD BOTTEMA –  De bedrijven die ons land groot maakten (Gerjan Heij, Terra 2010) is in nostalgysk fotoboek dat in oersjoch jout fan bedriuwen en merken oant en mei de fyftiger jierren fan de foarige iuw. Foar wa’t yn de fyftiger (en sechstiger) jierren opgroeide, is it trochblêdzjen in feest fan werkenning. Sa komt yn […]

De leagen fan Wylgeragea: Een open en tolerant Fryslân

ELSKE SCHOTANUS – Doe’t ik yn de LC fan freed 7 oktober in artikel oer ‘De Wierheid fan Wylgeragea’, de nijste foarstelling fan Tryater, lies, realisearre ik my dat ik it stik earder, yn de ‘preview’, al sjoen hie. Yn 2014 skreaun ik, oer wat doe ûnder de kop ‘Liet fan myn doarp’, brocht waard: […]

Circus is made to scare people

ELSKE SCHOTANUS –  Hoe fysiek beeldend theater in een recensie te vatten? Met open mond keek ik naar Bromance, de voorstelling van de drie Britten die de Barely Methodical Troupe vormen. Maar eerst iets anders. Een praktisch punt en een beetje reclame. Theater is prijzig: twintig of dertig euro ben je volgens de zomaar kwijt. […]

Elkenien wol wapperje!

PAUL VAN DIJK –  De wille fan it meitsjen fan dit aksjeboek spat der ôf. Wapper, it printeboek en aksjeboek foar bern 2016 fan yllustrator én skriuwster Yke Reeder lit sjen wat se allegear wol net kin. Wabe, Wiepie, Wobke en Wapper wurde yn in aaidoaske besoarge troch de earrebarre. Al gau moatte de pykjes it […]

It lân jout, de see nimt

ELSKE SCHOTANUS –  Durk van der Ploeg syn roman Foarby it Boarkumer fjoer as iepenloftspul Ien kear yn de trije jier bringt Mitselwier in iepenloftspul, dit jier is dat Foarby it Boarkumer fjoer, skreaun troch Baukje van Hijum nei it boek fan Durk van der Ploeg. De titel fan Van der Ploeg syn roman referearret […]

Boarkumer fjoer ticht by de minsken

RYNK BOSMA –  As je mei in Blazer of in Aak foarby it Boarkumer fjoer op de skolfjilden de netten útgoaiden, dan wienen je as fisker fan Moddergat fier fan hûs en dat wie net sûnder gefaar. Sa docht bliken tidens it iepenloftspul ‘Foarby it Boarkumer fjoer’ op it Stinzeterrein yn Mitselwier wêr’t ea Unia […]

Grutte Pier fan Kimswert, de try-out

MARRIT DE SCHIFFART –  De hiele stoet yn it swart, de tromme slacht. De Arumer Swarte Heap is op ‘en paad. It publyk rint der achter oan: eefkes fierderop stiet de tribune. De twadde try-out fan ‘Grutte Pier fan Kimswert’ kin begjinne. Begjin 16de iuw wurdt boer Pier Gerlofs Donia slachtoffer fan in oarloch. De […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.