In ‘Jammerlijck Klaachlied’ yn Warkum

RYNK BOSMA

De aksje yn de foarstelling Een Jammerlijck Klaachlied yn de St. Gertrudistsjerke yn Warkum begjint al betiid. De minsken steane om de Waag hinne as der ynienen rebûlje is. Skipper Hendrik Pruyt wurdt opbrocht, om’t hy in Menist is en dus yn de eagen fan de Spanjaarden in ketter.

 

In skiednisleske fan de middelbere skoalle sûnder ferdjipping, mar ek te flak foar emoasje.

 

In teatrale ynlieding op de foarstelling Een Jammerlijck Klaachlied dat de besikers nei de prachtige St. Gertrudistsjerke yn Warkum bringt. De namme fan de foarstelling komt fan in ‘spotdicht uit het Geuzenliedboek uit 1581’, sa’t yn it programmaboekje stiet. Mei de ‘stiennen man’ Caspar de Robles as de man dy’t it foar de kiezzen krijt.

Nei de prolooch is it dien mei de teatrale aksje. De muzyk fan it Frysk Fanfare Orkest nimt it yn gearwurking mei it Koor Sjongsum en it Libero Strijkorkest oer. Op in grut skerm is in film te sjen dy’t mei de muzyk meirint yn bylden. Op in toaniel sitte Caspar de Robles (Jan Arendz) en boargemaster Frederik van Inthiema (Thijs Feenstra) op in draaistoel mei de rêgen tsjin elkoar oan. Sy fertelle as ‘intermezzo’ harren ferhaal. In ferhaal yn tsien dielen.

 

Gjin dramatyk
Litte wy fuort mar mei de stedspoarte yn hûs falle, hoe is it mooglik dat dit projekt ûnder de flage fan Under de Toer der troch kaam is. Je moatte mei in fergrutglês sykje nei de lokale komponent, allinne yn de prolooch komt dat in bytsje oan de oarder. Yn de film fan Frits Boersma sitte moaie plaatsjes fan Fryslân neist de foar de hân lizzende skiednisplaatsjes en plaatsjes út Spanje fansels. Dat is dan de multymediale komponint. Fansels sitte der wol in pear lokale eleminten yn: toanielferiening De Nijljochters fan Spannum docht mei en it koar Sjongsum.

Wat slimmer is dat der yn de foarstelling hielendal gjin dramatyk sit, lit stean emoasje. Dat soe dan fan de muzyk komme moatte dy’t betiden mei in soad koperwurk de fjildslagen in driigjend karakter jaan moast: ‘Slag bij Heiligerlee, het beleg van Haarlem’, het beleg van Antwerpen’. In skiednisleske fan de middelbere skoalle sûnder ferdjipping, mar ek te flak foar emoasje. Wylst de Spanjaarden op it doek tsjin de Geuzen fochten, fochten guon besikers foar en achter my tsjin de sliep. It wie dat it lûde koperwurk harren wekker hâlde.

 

Yn de fout
En dan dy multymediale komponint. De Allerheiligenvloed fan novimber 1570 waard op it doek oankundige as Allerheigenvloed, om dêrnei bylden te fertoanen fan in kabbeljende see dêr’t in bern fan fjouwer jier noch net yn fersûpe soe. Mar der is mear, sjoch, as Boate fan de pleatslike toanielferiening it ferhaal fertelle moat dan kin it gebeure dat hy him in pear kear fersprekt yn de tekst. Mar twa beropsakteurs meie net acht kear ûnder it ferhaal yn de fout gean.

De tekst fan de seis ‘Klaachliederen’ rûn mei op byld sadat minsken meilêze koenen. De moaiste stim fan de jûn, Tineke Roseboom, song op de preekstoel prachtich. Mar gjin mins dy’t wist wêr’t de tekst oer gie want dy rûn net mei op it doek.

Dat alles makke fan Een Jammerlijck Klaachlied in foarstelling wêrfan de titel spitigernôch de teatrale lading alhiel dekt. Doe’t oan de ein in man ‘tot morgen’ sei, hearde ik neist my: ‘Dat dacht ik niet’. Mear hoege je eins net mear te sizzen.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.