fotografy: Johan Sijtsma

Kariljonpoëzij mei flearmûzen en pizzakoeriers

ARJAN HUT

As it oan de hjoeddeistige foarsitter fan 50Plus lein hie, dan sieten de goed fyftich besikers freedtejûn op it Hofplein yn de rein te harkjen nei beierdmuzyk en foardrachten fan Fryske dichters. Doe’t Geert Dales boargemaster wie, woe er ommers de Wilhelminabeam omlizze litte foar in better útsjoch fanút syn wurkkeamer. Mar de befolking kaam yn opstân en de beam stiet der noch. Sadwaande koene wy dêr moai ûnder skûlje, wylst in stadige rein fan wetter, wurden en kariljonklanken op ús delkaam.

 

De kariljonklanken komme net folle fierder as hûndert meter om it tuorke boppe it stedhûs hinne. It falt dan op hoefolle lûden der bûten binne.

 

Sûnt dit jier hat Ljouwert wer in beierdier, oftewol in kariljonspiler. Hy hjit fan Vincent Hensen. Hy is in fleurige jongeman út Grins mei in swart burd en stjerkes yn de eagen. Hy wie ien fan de fjouwer gadingmakkers, fertelt er yn it Oranje Bierhûs, dêr’t guon fan de dielnimmende dichters en komponisten nei ôfrin meimekoar neisitte. De sfear is goed en Hensen is grutsk dat der likefolle minsken op ôfkamen, as nei in konsert fan stedsorganist Theo Jellema.

Spesjaal foar dizze jûn skreaunen fiif Fryske komponisten en fiif dichters fan it kollektyf RIXT nij wurk foar dizze útfiering. Inisjatyfnimmer Feike van der Zee makke sa yn gearwurking mei Henk Nijp in komposysje. Nijp skreau in fers yn fjouwer kûpletten en op alle kûpletten reagearret it kariljon. De dichters drage foar troch in iepen finster fan it stedhûs, it finster tusken de bylden dy’t Pace en Justitia foarstelle. De kariljonklanken komme net folle fierder as hûndert meter om it tuorke boppe it stedhûs hinne. It falt dan op hoefolle lûden der bûten binne: brommerkes knetterje foarby, in lint lûdroftich kâltsjende toeristen draait de hoeke om en fûgels binne blykber allegear nei de stêd tein om hjir de jûntiid te befluitsjen.

 

…dan rinne wy mei hege knibbels op ‘e pas

oer de binnenpaden fan Methusalim

 

Krekt as Nijp de namme Methusalim seit, krôket in puber op de achtergrûn sa lûd dat sels de sjongsnaffels even weifalle. En letter, as it fers fan Aggie van der Meer (dy’t der net sels by is) klinkt op in komposysje fan Hoite Pruiksma, bliuwt in rigel yn de mûle fan in kroechgongster hingjen. “… foar it liet fan myn langstmen”, jubelet se nei, wylst se har fyts yn it Auckamastrjitsje delset. Even letter sit se op in stoel foar it Oranje Bierhûs en harket ek nei de muzyk en de gedichten, sterker noch, it kroechje rint leech en elkenien krijt in bûtenstoel.

 

Gysbert X / het gien tied

om een kompesisie

van zien warkelikhied

op riespepier te zetten

 

Tsjisse Hettema hat tegearre mei Aafje Bouwer in gedicht yn it Stellingwerfsk skreaun en draacht ek yn dy taal foar. Hy is in grutte leafhawwer fan de útspraak fan keunstner Karst Berkenbosch, fertelt er letter yn it bierhûs. Hoewol’t hy en Aafje tegearre oparbeiden oan de wurden, seagen sy ‘harren’ komponist Pieter Bakker pas krekt foar de útfiering. Behalve Stellingwarfs en Frysk, klonk ek it Biltsk, út de mûle fan boogyman Hein Jaap Hilarides dy’t mei Maailiet in triptyk skreau.

 

De brônzen klanken galme in de búk

As Japanske klanskalen in ’n spa.

De toanen sirkelen naar ’t moeë hoofd

As seefeugels naar de toren fan ’n kerk.

 

Somtiden ha de komposysjes by de gedichten yndied wol wat fan in soundtrack mei klankskalen. Izich helder. Minimalistyske muzyk, toanen dy’t somtiden ymprovisearre klinke, mei út en troch ljedderkes en steatlike meldijen. Op it plein wie it allegear goed te hearren, mar de dichters sels krigen der minder fan mei en moasten foaral op gefoel en timing foardrage.

Fan alle foardrachten en komposysjes wie it de kombinaasje fan Cees Hiep mei Cornelis van der Wal dy’t de measte yndruk makke. Beide manlju hiene in klik, dat wie ek nei ôfrin te fernimmen, en wurken by it komponearjen en skriuwen gear. Mei Diotima is dea skreau Van der Wal de koartste bydrage. Hy liet it fers trije kear klinke, ien kear solo, ien kear mei de muzyk en letter noch as opname mei in eigen ‘soundtrack’. It liket de dichter wol wat ta om mear mei Hiep te meitsjen.

 

Troch it finster fan ‘e toer sjoch ik de minsken

bewegen, mar ik begryp net mear wat se wolle.

 

Utsoarte stie van der Wal ek yn in tuorke, útsjend oer de taharkers ûnder de beam op it plein, sa waarden wurden, muzyk en lokaasje even ien. Wilens skeaten net de seefûgels, mar flearmûskes oer it sintrum, wylst der mar wer ris in brommerke mei pizza’s foarby knettere.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.