fotografy: A. Salverda

Dobberjend muzykteater as oerfleanende guozzen

RYNK BOSMA – 

De grutte giele bank dobbert aansens fan plak nei plak as dekôr fan de foarstelling Zout West  dy’t yn Starum  útein sette. Neam it dobberjend muzykteater dy’t yn tsien foarstellingen syn ljocht skine lit oer de ‘Zuiderzee’, de ‘Zuiderzeewet’ dy op 14 july 1918 der troch kaam. Pealtsjes út de skiednis dy’t tsjinje as ramt foar in fertelling dy’t rûnút hylarysk neamd wurde mei.

 

De foarstelling Zout West hat dat ferhaal oan board en it is in prachtige, luchtige foarstelling wurden wêrby de besikers harren gjin tel hoege te ferfelen.

 

Alles wat grut is yn it libben, de leafde, de ropping, de kening en de prinsessen, wurde út dat selde libben wei tild en krije in plakje foar de ‘lachspiegel’ op dy wûnderlike boat mei in sitbank as plak wêr’t alle drama him ôfspilet. De minsken oan de kant wurde waarm makke troch de yn in pears jaske stútsen dirigint, blauwe strik mei  reade tulp der op. It koar sit tusken de minsken en de besikers meie ek meisjonge, dus dat wurdt efkes koart oefene.

It is net om ‘e nocht dat de klean fan de liedsman fan it koar neamd wurde want wat kostúms oanbelanget is it in foarstelling mei in soad kleur yn de klean. Dat jildt trouwens ek foar it ferhaal dat fia twa fertellers alles yn in minskelibben in bytsje in oare foarm meijouwe. It is in labirint mei oan alle kanten ‘lachspiegels’ en dat leveret in prachtige foarstelling op fol humor en oan de ein dochs de wiisheid fan it echte libben.

De boer Germ(aan) dy’t flessen mei briefkes yn see goait om sa oan de frou te kommen, de kening dy’t dy fles altiten yn de hân hat om mei in ivige snee yn it ear alles te ûntregeljen. Mar hy skriuwt wol in priisfraach út mei as beleanning trouwe mei syn dochter. Mar it moat wol in ferhaal sûnder ein wêze want oars is de ein de kop der ôf.

Der falt in soad te sjongen en ek in soad te gnizen by in foarstelling dy’t in soad minsken út it plak wêr’t spile wurdt oan board hyst. Sa’t de bedoeling is fan LF 2018, ek al wie dit idee al earder betocht. De foarstelling is sjen litte wat it fertellen fan in ferhaal dwaan kin mei minsken. Dat bart troch de twa fertellers mar ek troch de persoanen sels dy’t elk in eigen ferhaal fertelle. Want dan kinne je in ferbining lizze sa is de boadskip, dan kinne je, sa’t yn Starum wie te sjen oan de ein fan de jûn: in flecht guozzen oan in himel fol lytse en grutte wolkjes de selde kant útfleane litte.

De skiednis is it ferhaal fan in ferhaal sûnder ein dat ophâldt by it no en wy binne de fertellers fan dat ferhaal. De foarstelling Zout West hat dat ferhaal oan board en it is in prachtige, luchtige foarstelling wurden wêrby de besikers harren gjin tel hoege te ferfelen. In muzikaal ferhaal ek dy’t alle minsklike stribjen pleatst yn it ivige ferhaal dat nea ophâldt.

En dat foar ien jûne de minsken lykas de oerfleanende guozzen oan de himel mei wolken en wolkjes mei in ferhaal de selde kant opfleane lit. En dat ‘makket ús ryk’  sa’t oan de ein fan de foarstelling songen wurdt en dat kin dus ek sein wurde fan de foarstelling Zout West.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.