Fryske grindpunkers helje út nei ‘orange cheeto’

ARJAN HUT – 

Yn it Bibelboek Iepenbieringen kundigje de sân toeters fan de apokalyps de ein fan de wrâld oan mei in searje rampen dy’t de minskheid hap foar hap útrûgje, as straf foar harren sûnden op benammen it seksuele en religieuze mêd. Drummer Bart fan De Hûnekop en bassist/gitarist Sietze fan Icepick hawwe dêr de namme fûn foar harren nije band/projekt Trumpets of the Apocalypse.

 

Beide hearen strûpe harsels de strôt binnenstebûten achter de mikrofoan en litte dêrby net in splinter hiel fan Donald Trump.

 

Op album Stabbed to death with a flag pin raze tsien ferskes yn amper in kertier foarby yn in punkachtige grind/death-metal styl dy’t der alhiel neffens it sjenreprotokol rûch en enerzjyk ynhakke. De ferskes binne opnommen yn De Hûnekop Studios en klinke fet rau en smoarch. Yn de teksten helje de Trumpets út nei de hjoeddeistige presidint fan de Feriene Steaten.

Beide hearen strûpe harsels de strôt binnenstebûten achter de mikrofoan en litte dêrby net in splinter hiel fan Donald Trump, dy’t yn it earste ferske DIE al oansprutsen wurdt mei ‘fascist pig’, ‘racist cunt’, ‘fucking scum’, ‘piece of shit’, ‘fucking hypocrite’, ‘motherfucker’, ‘little man’ en ‘orange cheeto’. Op de foarkant in foto fan Trump mei in megafoan. Op de achterkant fan it doaske stiet, yn lytse letters ûnderoan: ‘Unauthorised duplication, lending, public performance and broadcasting of this record is encouraged.’

Ferline simmer ferskynde der al in klip foar it knûperthurde Collateral damage, lang foar de drama’s mei bern yn koaien en it opslikjen by diktator Kim Jong-un. Wylst der by CNN diskusjearre wurdt oer ‘wat no krekt in koai is en wat net’ helje dizze beide Friezen der fierder net omhinne mei titels as Drain the swampFake news en The Turd Reich. Op Mar-a-lago massacre en Born to die brult Joey Sado fan Sadotank in potsje mei. De earste tekst beskriuwt in moardfantasy op de presidint yn Mar-a-lago, it winterferbliuw fan de famylje Trump. Dat giet wol fier.

Mar hoe hurd, wreed, rûch en brút Sietze en Bart op dizze eksplosive skiif ek úthelje, de alderyslikste mominten binne de sitaten, troch de muzyk hinne, fan Trump sels.

 

 

Stabbed to death with a flag pin fan Trumpets of the Apocalypse is útbrocht fia Big Bad Wolf Records en kostet 5 euro.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.